Springe nei ynhâld

Antonio Napolioni

Ut Wikipedy
Antonio Napolioni
geastlike
nasjonaliteit Italjaansk
bertedatum 11 desimber 1957
berteplak Camerino (Marke)
etnisiteit Italjaansk
biskop fan Cremona
amtsperioade 2015 – no
foargonger Dante Lafranconi
opfolger noch ûnbekend

Antonio Napolioni (Camerino, 11 desimber 1957) is in Italjaansk roomsk-katolyk geastlike. Hy is sûnt 2015 biskop fan Cremona.[1][2]

Napolioni waard yn 1957 berne yn Camerino, yn 'e Italjaanske regio Marke. Hy begûn mei in stúdzje rjochtsgeleardheid oan de Universiteit fan Camerino, mar besleat letter om nei it seminaarje fan Fano te gean.

Napolioni waard ta pryster wijd op 25 juny 1983. Op 16 novimber 2015 waard er ta biskop fan Cremona beneamd. Op 30 jannewaris 2016 waard er ta biskop wijd troch syn foargonger Dante Lafranconi, biskop-emeritus fan Cremona.[3] [4]

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Rinunce e nomine. Rinuncia del vescovo di Cremona (Italia) e nomina del successore (it)
  2. Mons. Antonio Napolioni, prete di Camerino, nuovo vescovo di Cremona (it)
  3. Antonio Napolioni è il nuovo vescovo (it)
  4. S. E. Mons. Antonio Napolioni eletto vescovo della Diocesi di Cremona (it)