Springe nei ynhâld

Antoinnette Scheulderman

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Antoinette Scheulderman)
Scheulderman

Antoinnette Scheulderman (Hoogeveen, 20 april 1975) is sjoernaliste. Groeide op yn Krimpen aan den IJssel dêr’t se it VWO die. Studearre Keunst- en Kultuerwittenskippen yn Rotterdam en folge de sjoernalisteoplieding yn Utert. Waard grut by RTV Rijnmond en skriuwt as freelance-sjoernalist foar Belinda, Revu, VARA-gids, La Vie En Rose, Jan, Linda en oare blêden. Op telefyzje nimt se yn Goedemorgen Nederland faak de nije wykblêden troch.

Skreau 'Mama's en Papa's' oer de heiten en memmen fan bekende Nederlanners (2008). Wûn yn 2010 ynterviewpriis "De Luis" foar har hilaryske ynterview mei de eardere 'Menear Kaktus’ Peter Jan Rens dat publisearre waard yn de Revu fan maaie 2009. Neffens de sjuery slagge it har om ‘geandewei it fraachpetear bedêst ûnthullend te wêzen. It slagget har om in nij byld fan ien te jaan dy't al withoefaak ynterviewd is'. De Luis waard har foar de telefyzje útrikt troch Paul de Leeuw. De Luis is in inisjatyf fan de Fontys Hegeskoalle foar Sjoernalistyk yn Tilburg, yn de sjuery siet ûnder oare Cisca Dresselhuys. Scheulderman mei har hânôfdrukken yn in betonnen tegel drukke. Dy tegel leit yn in ‘walk of fame’ foar de Tilburchske sjoernalistenoplieding.

  • De mama's en de papa's (MP), ynterviews mei û.o. Andre Agassi, Sylvia Witteman, Kim van Kooten, Hans Klok oer opfieden en opgroeien, ISBN 9020411020, paperback en digitaal (Veen, jannewaris 9999)