Anske Hielke Kuipers
Anske Hielke Kuipers (Warkum, 11 july 1833 - Haarlim 25 july 1902) wie gesachhawwer (kaptein) fan de Gûvernemintsmarine (de wjergader op see fan it KNYL te lân). De beneaming ta gesachfierder barde by gûvernemintsbeslút fan 1 jannewaris 1861 (nr. 41). Letter dat jier, op 18 febrewaris, waard Kuipers beneamd ta ridder yn de Militêre Willems-Oarder fjirde klasse.
Ekspedysje tsjin Lahei
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ekspedysje tsjin Lahei wie in reaksje op it ferlies fan de Onrust yn desimber 1859. By de ekspedysje tsjin Lahei wie Kuipers de gesachfierder oer it wapene skip Boni. Dit skip fear de rivier Barito op en wist it geskut fan de Onrust te weroverjen. De Onrust gie ferlern by in missy om de foarst Surapati fan Banjarmasin oer te heljen om in lieder fan de opstân út te leverjen yn ruil foar in slompe jild.
Trije jier letter, yn 1863, kaam in strafekspedysje werom nei dit gebiet, hjirby wienen de skippen Celebes, Motrado en Suriname. By dizze ekspedysje waarden alle kampongs fan de opstannige Dajaks lâns de rivier Barito yn 'e brân stutsen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|