Springe nei ynhâld

Anske Apteker

Ut Wikipedy

Anske Egberts van der Meulen, better bekend as Anske Apteker (Drachten, 12 oktober 1851 - dêre, 30 maart 1931) wie in apteker oan de Noardkade yn Drachten mei fertsjinsten op it mêd fan lânbou.[1][2]

Hy wie in soan fan apteker Engbert Johannes van der Meulen en Jitske Anskes Fokstra. Van der Meulen hie tsientallen jierren in liedende posysje yn it lânbou-ferieningslibben yn Drachten en yn Fryslân. Hy wie foarsitter fan de ôfdieling Drachten fan de Fryske Maatskippij fan Lânbou (1904-1919), lid fan it haadbestjoer en foarsitter fan it suvelfabryk te Drachten.

By riedsbeslút fan 19 desimber 1962 waard yn Drachten in strjitte nei him neamd.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Oostra, Jolt, Drachtster namen, toponomie van Drachten, 1987. Side 271.