Anouk Wipprecht

Ut Wikipedy
Fergie stagesuit by de SuperBowl
DareDroid Cocktailmaking Robot dress
Intimacy Black

Anouk Wipprecht (Poarmerein, 18 jannewaris 1985) is in moade-ûntwerpster.

Wurkpaad[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wipprecht begûn as 14-jierrige oan har moade-oplieding. Se spesjalisearre har yn moadieuze technology om in mjuks fan design, moade, wittenskip en technogy te berikken. Ferhuze foar in jier nei Sweden foar de stúdzje 'lichem, moade & technology' oan de Universiteit fan Malmö. Yn 2010 studearre se ôf oan de Hegeskoalle foar de Keunsten yn Utert. Har proefskrift gie oer 'gefoelige technology'.

Op de Vienna Fashion yn 2010 wie har 'heartbeat dress' te sjen, in jurk dy't de hertslach fan it model opnom en útdroech middels de speaker boxen. Om sa in krityk te jaan op de moadeyndustrie: modellen wurde brûkt as displays. Troch har hertslach te kommunisearjen woe Anouk har libbenheid útbyldzje. De fassinaasje foar robot spilet faak in rol. In ynteraksje tusken in ûntwerp en oare minsken is wat hja graach wol, mar de útwurking moat ek artistyk wêze. Hja is fassinearre troch de arsjitektuer fan it minsklik lichem. Leafst makket se dingen dy't noch net besteane. In jurk dy't cocktails mikst(Daredroid yn gearwurking mei Jane Tingley en Marius Kintel), ûntwerpen dy't trochskinend wurde by tanadering, assessoires dy't pearse inket bliede (Pseudomorphs, 2010). Se brûkt dêrfoar ek in soad nije materialen as optic fiber, led-lampkes dy't learzen opljochtsjen dogge en oare elektroanika wurdt dêrby brûkt. Ek it ferskillend weven fan stoffen jout in ferskillende opljochting.

By it wurkjen mei stoffen en materialen jout se de foarkar oan foarmen en struktueren. Anouk kombinearret moade mei technology ('haute techno'). Se ûntwurp de outfit fan Fergie (Black Eyed Peas), dy't se droech by de Super Bowl fan it American Football op 6 febrewaris 2011. De útstjoering waard besjoen troch 111 miljoen minsken. De sjongster droech doe in learene rok en bodysuit beset mei Swarovski-kristallen plus in, op American Football ynspirearre ûntwerp mei LED-ferljochting op it boarst.

Oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 2009: K3/Malmö universiteit yn Sweden 'ynteraksje design en elektroanyske foarmjouwing'
  • 2006-2010: Hegeskoalle foar de Keunsten yn Utert (byldzjende keunst en foarmjouwing)
  • 2002-2006: Moadelyseum Amsterdam couture (moade-akademy)
  • 2000-2002: MTS techyske moade

Tentoanstellings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 2010 Yntimiteit Black, Sintraal Museum Utert by it Nasjonaal Fim Festival,
  • 2010 Fûgels, Nasjonaal Film Festival
  • 2010 Technosensual op 'Exposure' HKU ekspo, Utert
  • 2010 Pretty smart textiles ekspo iepening, De Haach
  • 2009 Infittables toernee troch Skandinaavje (Malmö, Stockholm en Kopenhagen)

Publikaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 2010 Interactive Landschappen fan Daan Roosegaarde (boek)
  • 2010 Functionele Esthetics troch Sabine Seymour (boek)
  • 2010 Fashion United magazine
  • 2009 100 Jaar-modus in interview Amsterdam( boek)
  • 2008 Bright magazine, Fragilis

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: