Anna (hillige)
De Hillige (Mem) Anna of Sint Anna is neffens de kristlike tradysje de mem fan de Hillige Faam Marije. Se wurdt fereare yn de Roomsk-Katolike Tsjerke, Eastersk kristendom, Anglikaanske Tsjerke en de Luterske Tsjerke. Har feest wurdt fierd op, 26 july. Sint Anne is nei har neamd.
Yn de twadde iuw fan ús jiertelling wurdt de Berte fan Marije skreaun, in Grykske tekst, dy't de grûnslach foarmet fan de oerlevering. De tekst waard letter bekend as it Proto-evangeelje fan Jakobus.
Anna en har man Joachim wienen (neffens de oerlevering) troud, begoedige, mar hiene gjin bern. Se libben folslein neffens de Wet fan God. Dochs wurdt it offer fan Joachim yn de timpel wegere, omdat hy gjin bern hat. Joachim flechtet mei syn kudde de woastyn yn. Anna mient dat hy dea is en docht har beklach by God en freget om in bern. Har gebed wurdt ferheard. Tagelyk krijt Joachim fan in ingel te hearren, dat syn frou swier is. Hy giet werom mei syn kudde en moetet syn frou by de Gouden Poarte yn Jeruzalem en jout har in tút. Anna krijt in famke: Marije. De âlden wije it bern oan God en bringe Marije, as se trije jier âld is, nei in timpel. Dêr wurdt se grutbrocht troch ingelen.
As se tolve jier âld is, wurdt Marije troch de hegepryster úthoulike oan Jozef, in âldere widner. Jozef hat bern en is timmerman. Hy mei Marije allinnich mar behoedzje. Fuortendaliks nei it houlik moat er in pear moanne fuort nei in boukrewei. Marije wurdt wyls swier fan Godswege. As Jozef thúskomt sjocht hy, dat Marije swier is. Ek de hegepryster komt dit te witten. Marije en Jozef moatte de proef mei it bitere wetter ûndergean, mar trochstean dy mei glâns. Jezus wurdt ûnderweis nei Betlehim berne yn in grot. De kreamheinster konstatearret, dat marije noch altyd faam is.
De ûnbekende skriuwer fan de Berte fan Marije neamt himsels Jakobus, in soan út it earste houlik fan Jozef. Hy docht it foarkommen oft er tsjûge wie fan de berte fan Jezus. De skriuwer linet yn syn ferhaal tige op grutte bibelske figueren as Sara en Abraham, Hanna en Elkana, en wurket de ferhalen oer de berte fan Jezus út de evangeeljes fan Matteüs en Lukas fierder út.
Sa ûntstiet in nij ferhaal, dat grutte ynfloed hân hat op de folksdevoasje en troch dizze omwei ek op it teologysk tinken oer Marije. Yn letter iuwen is de leginde fierder útwreide. Net allinnich Jozef, mar ek Marije stammet ôf fan kening David: sawol fan heites as fan memmes kant is Jezus fan keninklike bloede. Dat is yn letter tiden (ikonografysk) útbylde yn de beam fan Jesse. Yn de 13e iuw komt it ferhaal op fan de trije houliken fan Anna. Se waard twaris widdo, wertroude beide kearen en krige út elk houlik in dochter. Sa ûntstie de famylje fan Anna, dy't it faamskip neamd wurdt.
De ferearing fan Anna begjint yn de fiifde/seisde iuw yn it Midden-Easten en komt al gau nei it Westen (Feneesje en Rome). Se berikt har hichtepunt yn de 15e en 16e iuw. Yn dy tiid ûntstiet in tige spesjale ôfbylding Anna trijerisom: Anna mei Marije en Jezus. Yn de fyftjinde iuw wurdt se benammen útbylde as frou dy't op har earm in famke (Marije) draacht, dy't in lyts bern (Jezus) fêsthâldt. Om 1600 sitte Marije en Anna faak op in bank, wylst Jezus as lyts bern tusken harren yn stiet. Anna hat dan fakentiden in boek of frucht yn har hân en stiet faak by in poarte.
In soad fan dizze bylden binne te finen yn musea, mar ek yn tsjerken en kapellen.
De lêste desennia is de belangstelling foar de leginde fan Anna en alles wat dêrmei gearhinget wer sterk tanomd. Ek op ynternet binne der, neist wittenskiplike teksten, prachtige ôfbylden te finen.
Anna is beskermhillige fan Kanada, Frankryk, timmerlju, bernleazen, hynstesport, pakes en beppen thúswurkers en húsfroulju, kantklossers, ferlerne foarwerpen, mynwurkers, memmen, hannelers yn âlde klean, earmoede, swierwêzen, naaisters, ûnfruchtberen, turners, stâlfeinten, Kebek, Bretanje, Norwich (Connecticut), Detroit, Adjuntas (Puerto Riko), Marsaskala (Malta), Taos en Santa Ana Pueblo (Nij Meksico).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|