Angstel

Ut Wikipedy
Angstel yn de winter by Baambrugge

De Angstel is in sterk meanderjend rivierke tusken Abcoude en Loenersloot mei in lingte fan ûngefear 6 km. De Angstel ferbynt it Gein en de Holendrecht mei de Aa. Súdlik fan Abcoude is in ferbining mei de Winkel. It rivierke rint westlik fan it Amsterdam-Rynkanaal.

Oarspronklik wie de Angstel in sydearm fan de Utertske Fecht. No jout it de grins oan fan de gemeente De Rûne Feanen. Oan de Angstel lizze Kastiel Loenersloot en in oantal bûtens.