Springe nei ynhâld

Anermole

Ut Wikipedy
Anermole (2009)

De Anermole yn it Oeriselske Ane (gemeente Hardenberg) is in yn 1864 boude nôtmole, dy't in eardere mole út 1858 op itselde steed ferfong. It is in beltmole wêrfan de boppebou betsiet út in achtkante, mei reid dekte, houten mole mei stiennen fjildmuorren. Yn de midden fan de 20e iuw rekke de mole yn ferfal en yn 1978 kocht de gemeente Gramsbergen de mole, dy't op dat stuit net folle mear wie as in romp mei kape. Yn 1981 waard de mole restaurearre. Dit jiertal is oan de súdkant fan de Anermolen yn it reid oanbrocht. Yn de mole binne twa keppels mealstienen, wêrfan de stienspil fersierd is mei prinskeswurk. De mole hat in foechhoutenkruiwurk dat sa swier rint dat der in elektromotor by setten is om kruie te kinnen. Tsjintwurdich wurdt yn de mole, dy't eigendom is fan de Stichting De Aner Molen, nôt meale op frijwillige basis. De Anermole is op sneonen fan 13:00 - 16:00 en op ôfspraak te besichtigjen.

Ien fan de beide stienkeppels yn de Anermole