Springe nei ynhâld

Andringahûs (Oentsjerk)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Andringastate (Oentsjerk))

It Andringahûs stie yn Oentsjerk yn de gemeente Tytsjerksteradiel, op it stee fan it hjoeddeiske hûs Rengerswei 47 en dêr’t earder de Friesland Bank stie. It hûs waard foar 1698 boud en sloopt yn 1895.

Om de tiid dat er mei Wilsck fan Heemstra troude, fêstige jonkhear Douwe Poppes fan Andringha him yn Oentsjerk. Hja wie in dochter fan Feije fan Heemstra en Aaltsje Tjarda fan Starkenborgh en it pear sil, sa’t soks yn de famylje Fan Heemstra faker barde, in lape grûn fan heit krigen hawwe om in hûs op te setten. Se krigen ien dochter, dy’t al jong stoar. Wilsck ferstoar al yn 1635.

Yn 1698 wie de state foar de helt eigendom fan de bruorren Schelto, Feije en George fan Heemstra, soannen fan Feye fan Heemstra en Tjets Scheltesdochter fan Aysma. De oare helte is dan fan Keimpe Luitsmaterp en syn frou Catharina Nieuland dy’t der ek wennen. Keimpe stoar yn 1714 en Catharina yn 1745, wol 97 jier âld!

Yn 1778 wurdt de eigener fan Heemstra State, Schelto fan Heemstra, ek neamd as eigener fan Andringahûs. Schelto wie in soan fan Willem Hendrik fan Heemstra en Wija Catharina van Glinstra út Feankleaster (Fogelsangh State). Hy sil sels net yn it hûs wenne hawwe en grif ek net folle op Heemstra State, want hy wie grytman fan Boalsert.

Yn 1858 is Lucia Catharina Sixma baronesse fan Heemstra eigenaresse fan it hûs. Hja wie in dochter fan Cornelis Schelte fan Heemstra en Anna Agatha Geertruida fan Sixma. Cornelis Schelte sil neist ûnder mear Heemstra State sûnder mis ek Andringahûs fan syn heit erve hawwe en it hûs oan syn dochter neilitten hawwe. Lucia bewenne it hûs nei alle gedachten oant de ôfbraak yn 1895.

De belangrykste bewenners wienen de famyljes Fan Andringha en Fan Heemstra

  • ± 1630 Douwe Poppes fan Andringha
  • 1698 Schelto, Feije en George fan Heemstra en Keimpe Luitsmaterp
  • 1778 Schelto fan Heemstra
  • Cornelis Schelte fan Heemstra
  • 1858 Lucia Catharina Sixma baronesse fan Heemstra

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: