Springe nei ynhâld

Andringastate (Aldeboarn)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Andringa State (Aldeboarn))
Andringastate (ein 18e iuw)
troch J. Gardenier Visser
Andringastate (± 1880)

Andringastate wie it stamhûs fan de famylje Andringa yn Aldeboarn. De state stie tichtby de tsjerke. De state wurdt neamd yn de 15e iuw. De state waard doe bewenne troch Thiart Jorrits Andringa. Dy wie yn de 15e iuw grytman fan Utingeradiel. De Andringa’s wiene anty-Habsburch, sadat se net botte populêr wienen by it regear yn Brussel. Yn de 16e iuw hat de famylje dêrom ek gjin hege funksjes mear, pas nei de Herfoarming wurde se wer grytman.

De state moat ferboud wêze om 1770 hinne. Der bestiet in skets fan Andringastate fan J. Gardenier Visscher. It gebou stiet dan efter in izeren stek oan de haadstrjitte tusken pylders fan natuerstien. It gebou is hielendal ûnderkeldere mei yn de rjochterfleugel in hege bel-etaazje. Beide fleugels binne twa ramen breed. As de famylje Andringa útstoarn is komt de famylje Lycklama à Nijeholt as grytman op de state. Yn 1882 keape de Herfoarme Tsjerke de state, dy’t dan as pastorije brûkt wurdt. Yn 1894 wurdt Andringastate foar it grutste part ôfbrutsen. Op itselde stee wurdt dan in filla boud.

Inkele jierren foar de ôfbraak binne der noch foto's fan de state makke. Dêr is op te sjen dat de state wol ferboud is, mat net bot feroare. De grutste feroarings binne de twa finsters fan de mezzazine, dy't tichtmakke binne en de skoramen mei lytse roeden, dy't ferfongen binne troch acht- en fjouwerrúts empire-finsters. Op de foto fan de efterkant is noch de fraaie túnoanlis te sjen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: