Andrew Meikle

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Andrew Meikle, A. Reddock, c.1790-1800

Andrew Meikle (5 maaie 1719 - Houston Mill, 27 novimber 1811) wie in yngenieur dy't de útfining fan de terskmasine op syn namme brocht. Hy wie ek belutsen by Firbeck syn útfining fan de Rotherham Plough, in ploege dy't tige wichtich west hat foar de Britske Lânbou Revolúsje ein 18e iuw. Hy fûn de terskmasine om 1786 hinne út, hoewol't guon miene dat it om in ferbettering fan in earder ûntwerp gie.

Earder al (om 1772), fûn er in systeem mei kleppen foar wynmûnen út dat de mûnder by steat stelde om flugger op feroarjende wyn yn te spyljen, in ferfanging fan de kanvas silen op de wjukken. Meikle wie ek mûnebouwer yn Houston Mill yn East Linton, East Lothian. Hy ynspirearre John Rennie om yngenieur te wurden.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]