Ananias en Saffira

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De dea fan Ananias, (Rafael, (1515))

Ananias (útspr.: [ana'ni.as], "ananias") en Saffira hearden neffens it boek Hannelingen yn it Nije Testamint ta de mienskip fan de earste kristenen.

De iere mienskip fan kristenen wie "ien fan hert en siel" en it wie doe gebrûk om alle besit yn de mienskip te bringen. It eigendom fan in hûs of in stik grûn waard ferkocht en de opbringst dêrfan oan de apostels jûn. Dy seagen dan ta op in earlike ferdieling fan it jild oan dejingen dy't der ferlet fan hiene.

Ek Ananias en Saffira woene by de mienskip hearre en hja ferkochten harren besit. Mar ynstee fan alles oan de mienskip te jaan, holden hja in part efterút foar eigen gebrûk, wylst hja krekt dienen oft hja alles weijoechen.

Hoe't Petrus hjir fan ôf wist wurdt yn de tekst net dúdlik, mar doe't Ananias mar in diel fan de opbringst nei de apostels brocht, frege Petrus: Hoe hat de duvel dy sa yn'e macht krige, dastû de Hillige Geast bedraachst, en in part fan de opbringst fan it lân efterút hâldst? Petrus joech Ananias te ferstean dat hy net twongen wie syn lân te ferkeapjen en dat hy de opbringst ek foar him sels hâlde mocht. Mar mei harren geliich en skynhilligens bedroegen Ananias en Safira net de minsken, mar God sels. Doe't Ananias dat hearde foel hy opslach dea del en waard fuort troch manjlu nei bûten brocht om begraven te wurden.

Likernôch trije oere letter kaam ek Ananias' frou Saffira by Petrus. Hja wist neat fan wat der bart wie en Petrus frege ek Safira oft harren lân foar it bedrach ferkocht wie foar it jild dat hja ynbrocht hiene yn de mienskip. Ek Safira liichde dat de opbringst fan it lân folslein oerdroegen wie. Petrus sei doe tsjin Safira: Wêrom binne jim tegearre oerienkommen om de Geast fan de Hear op yngripen te fergjen? Hark, de fuotstappen fan de manlju dy't nyskrektsa dyn man begroeven ha, binne by de doar om ek dy te begraven. Mei dy wurden sakke ek Saffira dea del.

It foarfal makke net allinnich djippe yndruk op de kristenen sels, mar ek op oaren dy't der fan hearden.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Nije Testamint, Hannelingen 4: 32-37; 5:1-11