Amfiteater fan Trier
It Amfiteater fan Trier is in Romeinsk amfiteater yn 'e Dútske stêd Trier. It teater makket sûnt 1986 ûnderdiel út fan it UNESCO-wrâlderfgoed Romeinske monuminten, dom en Leaffrouwetsjerke yn Trier.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei't it teater yn 'e twadde helte fan de 2e iuw n.Kr. boud waard foarme it teater al gau in ûnderdiel fan it deistige libben fan 'e ynwenners fan 'e stêd Augusta Treverorum, it hjoeddeiske Trier. Dêr organisearren hege funksjonarissen, keizerlike beamten en yn guon gefallen sels de keizer foar de ynwenners it fermaak fan dy tiid: gefjochten tusken gladiatoaren en de striid mei wylde bisten op libben en dea. Ek waarden der minsken eksekutearre of wichtige saken meidield. Nei de foltôging wie der yn it teater plak foar 20.000 minsken.
Oars as oare amfiteaters tsjinne it teater fan Trier ek as eastlike stedspoarte fan 'e stêd. Mei't it Westromeinske Ryk yn 'e 5e iuw oan syn ein kaam, waard it teater lykas oare Romeinske bouwurken fan Trier as stiengroeve brûkt.
Oant yn 'e 19e iuw waard it teater troch de befolking kaskeller neamd, in namme dy't mooglik werom giet op de Latynske omskriuwing catholdi solarium, dat foar 'wynberch by in teater' stiet. In oare teory is dat it ôflaat is fan it Mûzelfrankyske wurd Kas foar iik. Der binne 16e-iuwske ôfbylden fan it amfiteater bewarre bleaun mei trije iken yn 'e arena.
Yn 'e 19e iuw waarden de earste wittenskiplike ûndersiken dien en doe sette in restauraasje útein. De namme 'kaskeller' rekke yn dy tiid út de moade.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Under de arena leit in kelder mei liften, dy't de gladiatoren en akteurs nei boppe brochten. Mei in lift yn 'e midden waarden gaueftich bisten yn 'e arena brocht. It teater hat in noardlike en in súdlike útgong en wie ûnderdiel fan 'e Romeinske ferdigening. it teater leit oan 'e foet fan 'e Petrisberch. Ien fan 'e redenen dat it amfiteater dêr boud waard, hat west dat de bouwers fan 'e tribune de grûn oan 'e kant fan 'e berch net hoegden op te heegjen.
Museum
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It amfiteater is hjoed-de-dei in museum. Simmerdeis wurde der rûnliedings oanbean, werby in akteur de rol fan gladiator Valerius spilet en fertelt oer syn wurkpaad as gladiator.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Amphitheater (Trier)
|