Wever (fisk)
wever | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Alburnus alburnus | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De wever (Alburnus alburnus) is in fisksoarte dy 't falt ûnder de echte koarpers. De Wever is ek bekend ûnder de nammen: alver, alft en panhjerring en yn Flaanderen: spekje.
Algemien
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wever is in sydlings ôfplatte, sulvereftich fiskje dat wat stiif oandocht. By direkt sinneljocht falle ek parlemoereftige kleuren op dy't feroarsake wurde troch de protte guaninekristallen yn de skobben. De wever is in fisk dy 't yn skotten oan it oerflak fan it wetter libbet. Hy wurdt 20 - 25 sm lang. De fisk komt foar yn rivieren en marren. In wever fret benammen plankton en ynsekten, mar ek larven en wjirms.
Jonge wevers kinne maklik mei fetsjes betize wurde. De sydline by de wever is folslein, de anaalfin is wat langer en it lichem is sterk sydlings ôfplatte en de kop is puntich.
Ekologyske wearde
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wever is in skottenfisk dy 't bejage wurdt troch snoek, rôfblei, de snoekbears en bears. Yn it foarjier komme dizze fisken nei it oerflak om te ridzjen yn ûndjip wetter, faak mei in hurde ûndergrûn. Se wurde sawat 5 à 6 jier âld en se binne op harren tredde jier geslachtryp. Yn ûnderwetter planten wurdt de plakkerige kût lein. De wever is faak te finen yn grutte skotten foar de útgong fan gemalen, mar is ek wolris yn stilsteand wetter te finen.
Eartiids wie de wever tige algemien, tsjintwurdich hieltyd minder troch de fersmoarging fan syn miljeu. De opkomst fan de rôfblei sil ek ûngeunstich útpakke foar de stân fan de wever, fanwege kompetysje mei juvenile rôfblei en troch predaasje fan folwoeksen rôfblei.
Fiskerij
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der wie in kommersjele fiskerij op wever foar de winning fan guaninekristallen, dy 't foar de produksje fan keunstpearels brûkt wurde kinne.
De sportfiskerij op wever is wichtich by wedstriden wêr't op oantal fiske wurdt. Tûke fiskers kinne dan hûnderten fisken fange. Wevers wurde ek as iesfisk brûkt.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Jonge Wever
-
Kop Wever mei parlemoerkleuren
Boarne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Schreiner, J. - Encyclopedie Van De Sport Visserij. Amsterdam: Elsevier, 1960.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Alburnus alburnus fan Wikimedia Commons. |
- Bienfiskesoarte
- Echte koarper
- Lânseigen fauna yn Abgaazje
- Lânseigen fauna yn Albaanje
- Lânseigen fauna yn Andorra
- Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan
- Lânseigen fauna yn Belgje
- Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina
- Lânseigen fauna yn Bulgarije
- Lânseigen fauna yn Denemark
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Eastenryk
- Lânseigen fauna yn Estlân
- Lânseigen fauna yn Finlân
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Fryslân
- Lânseigen fauna yn Georgje
- Lânseigen fauna yn Grikelân
- Lânseigen fauna yn Guernsey
- Lânseigen fauna yn Hongarije
- Lânseigen fauna yn Ingelân
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Jersey
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Kosovo
- Lânseigen fauna yn Kroaasje
- Lânseigen fauna yn Letlân
- Lânseigen fauna yn Lychtenstein
- Lânseigen fauna yn Litouwen
- Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân)
- Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje
- Lânseigen fauna yn Moldaavje
- Lânseigen fauna yn Monako
- Lânseigen fauna yn Montenegro
- Lânseigen fauna yn Nederlân
- Lânseigen fauna yn Noarwegen
- Lânseigen fauna yn de Oekraïne
- Lânseigen fauna yn Poalen
- Lânseigen fauna yn Portegal
- Lânseigen fauna yn Roemeenje
- Lânseigen fauna yn San Marino
- Lânseigen fauna yn Servje
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Skotlân
- Lânseigen fauna yn Sloveenje
- Lânseigen fauna yn Slowakije
- Lânseigen fauna yn Spanje
- Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje
- Lânseigen fauna yn Sweden
- Lânseigen fauna yn Switserlân
- Lânseigen fauna yn Tsjechje
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn Wales
- Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân