Springe nei ynhâld

Alma (Jeropeeske regio)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Alma (Europeeske regio))

Alma is de namme fan it gearwurkingsferbân tusken de stêden Aken, Luik en Maastricht. Alma stiet foar: Aken,Luik en Maastricht Alliânsje.

Yn de stêdekloft wenje sa likernôch 2,1 miljoen minsken.[1] It tal minsken binnen de stêdekloft kin yn oare statistiken ferskille, wierskynlik omdat der yn dy regio ferskate stêdekloften troch inoar rinne. Der binne ek losse stêdekloften dy't op harsels stean (bygelyks Maastricht-Parkstad stêdekloft en de stêdekloft fan Aken), Alma (lykas hjirboppe beskreaun), en de Euregio Maas-Ryn. Dy lêste hat sa likernôch 3,9 miljoen ynwenners en wurdt faker brûkt as Alma.

  1. worldgazetteer.com