Alghero

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Alghero
Alghero sjoen fan de Middellânske See ôf
Alghero sjoen fan de Middellânske See ôf
Sifers
Ynwennertal 44.200 (2015)
Oerflak 224,43 km²
Befolkingstichtens 200 / km²
Hichte 3 m
Polityk
Lân Flag of Italy.svg Itaalje
Regio Flag of Sardinia.svg Sardynje
Provinsje Sassari
Oar
Stifting Aldheid
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Webside www.ciutatdelalguer.it
Twatalich strjitnammeboard yn Alghero.
Fersprieding fan it Katalaanske taalgebiet op Sardynje.

Alghero (Italjaansk: Alghero, Katalaansk: L'Alguer, Sardysk: S'Alighèra) is in havenstêd op it Italjaanske eilân Sardynje, dy't diel útmakket fan 'e 'provinsje Sassari. De stêd hie yn 2015 in befolking fan likernôch 44.000 minsken, en in oerflak fan sa'n 225 km².

Katalaanske befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In diel fan 'e ynwenners fan Alghero sprekt Katalaansk. Dat komt foar in part omdat de oarspronklike befolking fan 'e stêd deportearre waard troch it Aragoneeske kening Peter IV. Letter waard de opstannige lânseigen befolking ferfongen troch Katalaanske kolonisten, dy't har eigen taal meibrochten. Trochdat neitiid it Katalaansk fan 'e kolonisten fermongen rekke mei it Sardysk dat yn 'e omkriten fan Alghero sprutsen waard, ûntstie doe in folslein unike fariant fan it Katalaansk: it Alghereeske dialekt. Troch de ynfloeden fan 'e oare talen dy't op Sardynje sprutsen wurde hat dat in protte Sardyske, mar ek Italjaanske skaaimerken. Sûnt 1997 genietet it Katalaansk yn Alghero erkenning as minderheidstaal fan it Italjaanske regear. Yn 'e stêd sels hat it in semy-offisjele status.

Guon ferskillen tusken it Alghereesk en de Katalaanske standerttaal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Frysk Alghereesk Katalaansk
alghereesk alguerés alguerès
altyd prate astà sempra pallant està sempre parlant

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.