Alfred Nobel

Ut Wikipedy
Alfred Bernhard Nobel

Alfred Bernhard Nobel (Stokholm, 21 oktober 1833 - San Remo, 10 desimber 1896), wie in Sweedsk skiekundige en yndustrieel.

Hy stiet bekend as útfiner fan it dynamyt yn 1867, mar hat ek oare eksplosiven útfûn en makke. Hy fertsjinne mei de produksje dêrfan en mei in oaljekonsesje in grouwelich kaptaal jild.

It gemysk elemint Nobelium is nei him ferneamd. Nobel syn namme is fierder noch te finen yn bedriuwsnammen, lykas Nobel Industries, dat letter opgie yn it AkzoNobelkonsern.

Hy bepaalde by testamint dat fan de rinte fan dat kaptaal fan ûngefear 32 miljoen Sweedske kroanen alle jierren fiif Nobelprizen útrikt wurde moasten. Dêrfoar waard de Nobelstifting oprjochte. Yn syn wilsbeskikking stiet dat de prizen bedoeld binne foar "harren dy't yn it ôfrûne jier oan it minskdom grut nut ferskaft hawwe".