Springe nei ynhâld

Alfred I. duPont–Columbia University Award

Ut Wikipedy
Afred I. duPont-
Columbia University Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
útrikt foar sjoernalistyk
útrikt troch Columbia Universiteit
frekwinsje 1x jiers
plak New York (New York)
ynsteld 1942
1e útrikking 1942
offisjele webside
www.journalism.columbia.edu/dupont

De Afred I. duPont–Columbia University Awards binne in groep Amerikaanske prizen dy't elts jier troch de Skoalle foar Sjoernalistyk fan 'e Newyorkske Columbia Universiteit útrikt wurde foar treflikens op it mêd fan 'e radio- en tillefyzjesjoernalistyk. Sûnt 2009 kinne ek de digitale media meitingje nei de prizen.

De Afred I. duPont–Columbia University Awards binne ferneamd nei de Amerikaanske sakeman en filantroop Alfred I. du Pont (1864-1935), en waarden yn 1942 ynsteld troch dy syn widdo, Jessie Ball duPont. Dizze prizen, wêrfan't it útrikkingsproses sûnt 1968 beävensearre wurdt troch de Columbia Universiteit, binne tige prestizjeus, en wurde yn 'e mande mei de Peabody Awards wol sjoen as de ekwifalint foar radio- en tillefyzjesjoernalistyk fan wat de Pulitzerpriis foar de skriuwende parse is. Foar in list mei winners, sjoch op dizze side, op 'e Ingelske Wikipedy.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.