Springe nei ynhâld

Aletta Jacobs

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Aletta Henriëtte Jacobs)
Aletta Jacobs
Aletta Henriëtte Jacobs foar de Ryksuniversiteit Grins.

Aletta Henriëtte Jacobs (9 febrewaris 1854, Sappemeer - 10 augustus 1929, Baarn) wie de earste Nederlânske froulike dokter en feministe.

Jacobs wie fan Joodsk komôf, dochter fan Abraham Jacobs dy't genês-, hiel- en froedmaster wie. Har mem wie Anna de Jongh.

Nei spesjale tastimming fan minister J.R.Thorbecke skreau sy har op 20 april 1871 yn by Ryksuniversiteit Grins oan 'e fakulteit Genêskunde. Har dokterseksamen die se yn 1878 yn Utert en se promovearre op 8 maart 1879 yn Grins.

Aletta Jacobs wie net de earst froulike studinte - dat wie inkele iuwen earder Anna Maria fan Schurman - mar wol de earste dy't mei sukses in universitêre stúdzje ôfmakke. Yn 1877 en 1878 lei sy har dokters eksamen ôf, dêr't sy de earst froulike dokter mei waard, en gong oan 'e slach as dokter yn Amsterdam dêr't sy fergees sprekoere hold, kursussen joech en it pessarium as foarbehoedmiddel yntrodusearre.

Dêrnêst sette Jacobs har yn foar it frouljuskiesrjocht. Sy wie mei oprjochtster fan de Ferieniging foar Frjouljuskiesrjocht yn 1894 en sûnt 1903 lanlik foarsitter. Ek wurke sy mei yn de Wrâldbûn foar Frouljuskiesrjocht, dêr't sy nammebekendheid troch krige oer de hiele wrâld. Sy wie ek lid fan de Frijsinnich Demokratyske Bûn.

Jacobs boaske mei politikus Carel Victor Gerritsen (1850-1905) yn 1884. Sy hienen in frij houlik.

  • Mineke Bosch, Een onwrikbaar geloof in rechtvaardigheid, Aletta Jacobs 1854-1929, Utjouwerij Balans, 2005.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]