Alek Wek

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Alek Wek 2005
Alek Wek

Alek Wek (Wau, 16 april 1977) is in Súdsûdaneesk-Britsk model dat foar it earst op de catwalks ferskynde doe't sy 18 jier wie yn 1995, it begjin fan in glânzjende karriêre. Sy heart ta it Dinka-folk yn Súd-Sûdan,[1] mar yn 1991 flechte sy mei in pear famyljeleden nei Grut-Brittanje om oan de boargeroarloch te ûntkommen.

Sy krige foar it earst omtinken doe't sy yn in muzykklip foar "GoldenEye" fan Tina Turner meidie yn 1995; dêrnei gie har karriêre yn de moadewrâld dat it slydjage en hearde sy rillegau ta de topmodellen. Sy krige in kontrakt by Ford Models yn 1996 en wie itselde jier ek te sjen yn de "Got 'Til It's Gone"-muzykfideo fan Janet Jackson. Sy waard "Model of the Year" yn 1997 by MTV. Sy wie it earste Afrikaanske model dy't op de omkaft fan Elle kaam te stean, yn 1997.

Wek ûntwerpet ek hântassen mei de namme "Wek 1933". It jiertal ferwiist nei it bertejier fan har heit.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Refugee from Sudan takes runways by storm