Springe nei ynhâld

Fâdij

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Alderlik gesach)
Fâd wiist troch nei dizze side. Foar oare betsjuttings fan dat begryp, sjoch: fâd (betsjuttingsside).

Fâdij is yn it famyljerjocht de relaasje tusken in (foar de wet) hannelingsûnbekwame minderjierrige en in hannelingsbekwame persoan of rjochtspersoan (de fâd) dy't foar him of har en syn of har hanneljen en besittings ynstiet. Ornaris hawwe de âlden de fâdij oer harren bern; âlderlike fâdij hjit yn Nederlân wetlik (en is dus synonym mei) it âlderlik gesach.

As âlden skiede, wurdt it âlderlik gesach oer de bern faak ta striidkwestje makke. Yn 'e media en it deistich spraakgebrûk wurdt dêrby ornaris fan 'fâdij' sprutsen, mar dat is wetlik sjoen net de juste term. Yn sokke gefallen beslist meastal de rjochter (of komme de âlden ûnderling ta oerienstimming) om it âlderlik gesach te dielen, wêrby't lykwols de bern by ien fan 'e âlders har haadferbliuw hawwe. Yn útsûnderlike gefallen, bgl. as der sprake is fan bernemishanneling of bernemisbrûk, kin ien fan 'e âlden (of beide) út it âlderlik gesach set wurde.

By adopsje giet it âlderlik gesach oer op 'e adopsje-âlden. As de âlden of oare primêre fersoargers fan in bern lykwols komme te ferstjerren, of as der sadanich grutte swierrichheden binnen in gesin ûntsteane dat in bern út 'e hûs pleatst wurde moat of foar de âlden net mear yn 'e hân te hâlden is, kin der troch de rjochter in oare fâd oansteld wêze, dat yn 'e regel immen is dy't beropsmjittich ferbûn is oan in ynstelling op it mêd fan 'e jongereinsoarch. Ek foar mearderjierrigen besteane der wetlike regelings dy't min ofte mear delkomme op fâdij, nammentlik kuratêle, ûnderbewâldstelling en mentorskip.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.