Springe nei ynhâld

Alderheljenkatedraal (Tûla)

Ut Wikipedy
Alderheljenkatedraal

Всехсвятский собор

Lokaasje
lân Ruslân
oblast Tûla
plak Tûla
adres Ulitsa L. Tolstogo
koördinaten 54° 10' N 37° 36' E
Arsjitektuer
boujier 1773-1825
boustyl Neo-klassisisme mei barokke ynfloeden
monumintale status Federaal monumint
monumintnûmer 711620721160006
Webside
(ru) tulaeparhia.ru
Kaart
Alderheljenkatedraal (Jeropeesk Ruslân)
Alderheljenkatedraal

De Alderheljenkatedraal (Russysk: Всехсвятский собор; Vsechsvjatski sobor) is in otterdokse katedraal fan it otterdokse bisdom Tûla yn Tûla, Ruslân. Troch't de katedraal boud waard op in ferhege diel fan 'e stêd is de tsjerke fan hast alle kanten te sjen.

Nei in ferbod fan Katarina II op it begraven fan minksen yn stêden namen de autoriteiten fan Tûla it beslút om súdlik fan 'e stêd in nij tsjerkhôf oan te lizzen. De earste tsjerke op it tjerkhôf wie fan hout, mar yn maart 1773 waard al tastimming jûn in stiennen tsjerke ta eare fan 'e werkomst fan Kristus te bouwen mei in oan 'e ferrizenis fan Lazarus en Alderheljen wijde kapel. De bou waard finansjeel mooglik makke troch de hanneler Gerasim Stefanovitsj Sûsjkin. Sûsjkin stoar al yn 1774 en waard yn 'e tsjerke beïerdige. De bou waard troch syn skoansoan Ivan Afanasievitsj Gerasim fuortset. Yn 1776 wie de tsjerke klear en waard it gebou konsekrearre.

Ingel op de klokketoer

Yn 1788 waard tastimming frege om de tsjerke fan in boppetsjerke te foarsjen. De twadde ferdjipping waard yn twa jier tiid boud, mar op 8 augustus 1790 nei it fieren fan 'e liturgy stoarte ien fan 'e fiif koepels yn en mei de fal waarden de ferwulften fan 'e beneden- en boppe tsjerke brutsen. Trije minsken kamen om by dat ûngelok. It duorre fiif jier oant der wer in tsjinst yn 'e benedentsjerke fierd waard. De boppetsjerke waard yn 1797 foltôge en yn 1825 konsekrearre.

De tsjerke waard yn it Sovjet-tiidrek oerdroegen oan 'e oanhingers fan 'e Libbene Tsjerke, in ôfsplissing fan 'e Russysk-Otterdokske Tsjerke. Nei it sluten fan 'e Untsliepeniskatedraal rôpen de fernijers harren tsjerke út as de katedraal. Yn 1944 waard de katedraal lykwols werom jûn oan it bisdom fan 'e Russysk-Otterdokske Tsjerke.

De muorren fan 'e beneden- en boppetsjerke waarden yn 'e jierren 1955-1960 troch de Moskouse skilders Pavel Aleksandrovitsj Gladkov en Viktor Michailovitsj Golûbev mei fresko's bekildere. Yn 1960 krigen de katedraal en de klokketoer de status fan monumint.

Yn 1988 foarme de katedraal it sintrum fan 'e festiviteiten om it 1000-jierrich jubileum fan it kerstenjen fan 'e Rûs.

Yn it begjin fan 'e 19e iuw waard begûn mei it ynsammeljen fan jild foar de bou fan in klokketoer. It jild kaam mar stadich en pas yn 1833 waard in begjin makke oan de bou. Nei in fearnsiuw wie de toer foar noch net iens de helte ôf, mar dêrnei kaam der faasje yn it projekt en yn 1863 waard de toer foltôge. De toer mei in hichte fan 82 meter telt trije ferdjippings en hat in hege spits.

Tusken it begjin fan 'e bou fan 'e tsjerke en de klokketoer sit mear as in heale iuw, mar de arsjitekt V.F. Fedoseev, in learling fan Carlo Rossi, slagge der yn om fan beide bouwurken in ienheid te meitsjen. De toer is fersierd mei bylden fan ingels, dy't de werkomst fan Kristus en it Jongste Gerjocht oankundigje.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]