Alde Nederlânske Tsjerke fan Sleepy Hollow

Ut Wikipedy
Alde Nederlânske Tsjerke fan Sleepy Hollow

Old Dutch Church of Sleepy Hollow

bouwurk
lokaasje
lân Feriene Steaten
steat New York
plak Sleepy Hollow
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1697-1699
arsjitekt Frederick Philipse
offisjele webside
firstchurchinalbany

De Alde Nederlânske Tsjerke fan Sleepy Hollow is in 17e iuwske herfoarme tsjerke oan de Albany Post Road yn Sleepy Hollow de Amearikaanske steat New York. De tsjerke mei it tsjerkhôf spile in grutte rol yn Washington Irving's "The Legend of Sleepy Hollow". De troch Nederlânske emigranten boude tsjerke is ien fan de âldste gebouwen yn de steat New York. Sûnt 1966 stiet de tsjerke as ien fan de earste gebouwen op de list fan it National Register of Historic Places, wylst it al earder yn 1961 oanwiisd wie as in National Historic Landmark.

De tsjerke is de op ien nei âldste tsjerke en it op fjirtjin nei âldste gebou fan de steat New York. De tsjerke moast nei in brân yn 1837 renovearre wurde. Yn de tsjerke, dêr't de Herfoarme Tsjerke fan de Tarrytowns (Sleepy Hollow en Tarrytown) eigner fan is, wurde noch tsjinsten yn 'e simmer en by spesjale gelegenheden, lykas de krystjûn, fierd.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke is ûntwurpen en betelle troch yn Boalsert berne Frederick Philipse, eigner fan grutte stikken grûn, handler yn slaven en keapman dy't it goed dwaan koe. Likernôch 100 meter fierder nei it suden ta leit de Philipsburg Manor, ek in histoarysk monumint. Nei't Philipse trou swarde oan it Ingelske bestjoer, him hear fan in manor neame mocht en er yn 1683 him nei wenjen sette op it plak dêr't de Pocantico-rivier yn de Hudson streamde yn wat doe North Tarrytown hiet, liet er foar de dêr al oanwêzige lytse mienskip in earste tsjerke bouwe op it súdlike stik fan it besteande tsjerkhôf.

Philipse's frou ferstoar yn 1691 en hy troude rillegau op 'e nij. Syn twadde frou, Catharine Van Cortlandt Derval, trune him oan om in stiennen tsjerke foar de gemeente te bouwen en wat letter harke er nei syn frou en joech er opdracht om de hjoeddeiske tsjerke te bouwen. Hy ûntwurp en betelle út eigen bûse it gebou en der wurdt sein dat hy ek de preekstoel sels snien hie. Neffens in 19e-iuwske moarmeren gevelstien oan de tsjerke waard it gebou folôge yn 1699, mar it is wierskynliker dat de tsjerke al yn 1697 klear wie.

Ynterieur

De iere skiednis fan de tsjerke en syn leden waard fêstlein troch Dirck Storm yn it boek Het Notite Boeck der Christelyckes Kercke op de Manner of Philips Burgh. Alhoewol't de famylje yn ûngenede foel en harren lân fanwegen it gearspannen mei de Britske Kroan yn de tiid fan de Amearikaanske Revolúsje konfiskearre waard, bleau de tsjerke gewoan yn gebrûk as de tsjerke fan Philipse Manor. Yn dy tiid waarden de hearebanken foar de lânshear en syn famylje ferwidere en ek de iken banken waarden ferfongen troch banken fan dinnehout.

Washington Irving, dy't in pear kilometer súdlik syn Sunnyside-lângoed hie, makke de tsjerke ferneamd troch de tsjerke in rol te jaan yn syn ier 19e-iuwsk ferhaal "The Legend of Sleepy Hollow".

In brân yn 1837 brocht skea oan de tsjerke en by de dêrop folgjende renovaasje ferhûze de sûdlike yngong nei de tsjintwurdige lokaasje op it westen. De ramen en de tagong krigen in goatyske bôge. Yn de tsjerke waard de noardlike kreake ôfbrutsen en de westlike fergrutte. De preekstoel en it oarspronklike balkenplafond waarden ferfongen. Sechtich jier letter fûn wer in renovaasje yn it ramt fan it 200-jierrich bestean plak. Dy renovaasje herstelde foar in diel it âlde oansjen fan it ynterieur.

Yn de 19e iuw woeks it ynwennertal fan de Tarrytowns en om de gruttere gemeente plak te jaan waard in nije tsjerke yn Tarrytown boud, dy't letter de haadtsjerke fan de gemeente waard. Hjoeddedei wurdt de âlde tsjerke simmerdeis brûkt en by spesjale gelegenheden.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Old Dutch Church of Sleepy Hollow