Springe nei ynhâld

Ouddorp

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Alddoarp)
Ouddorp
Riedshûs
Riedshûs
Symboalen
Bestjoer
Lânflagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Súd-Hollân
GemeenteGoeree-Oerflakkee
Sifers
Ynwennertal6.391 (2026)[1]
Oerflak33,10 km²,
wêrfan wetter: 0,38 km²
Oar
Postkoade3253
Netnûmer0187
Offisjele webside
Kaart
Ouddorp (Súd-Hollân)
Ouddorp
Kaart
Riedshûs
Ouddorp yn 'e eardere gemeente Goedereede
Net te betiizjen mei Oudorp, mei inkel d, in plak yn Noard-Hollân.

Ouddorp (Siuwsk: Ouwdurp) is in doarp yn 'e gemeente Goeree-Overflakkee, yn it súdlike diel fan 'e provinsje Súd-Hollân. Ouddorp hat neistenby 6.391 ynwenners (2026) en is in fiskers- en toeristeplak.

It doarp waard yn 1551 foar it earst neamd as Outdorp in Westvoirne, itjinge âld doarp betsjut (wêrby't 'âld' ferwiist nei lân dat net troch ynpoldering wûn is). Ouddorp is in doarp dat yn 'e Midsiuwen ûntstie en om in tsjerke hinne boud waard. It wie ynearsten it sintrumdoarp fan it eiland Goeree, mar Goedereede naam dy posysje letter fan Ouddorp oer.

Ouddorp hie yn 1840 1.951 ynwenners. Yn 1860 waard in haven oanlein.

Ouddorp waard yn 'e Twadde Wrâldkriich ûnderdiel fan 'e Atlantikwall. Der waarden op Goeree-Overflakkee mei-inoar 42 bomfrije bunkers boud, dy't oer it eilân ferspraat wiene. Yn septimber 1944 foel der in bom op it krûspunt fan 'e Dirkdoensweg en de Dorpsweg, wêrby't in grut tal wenten ferneatige waard en ien persoan stoar. Yn totaal binne der yn 'e oarloch 29 ynwenners fan Ouddorp om it libben kommen.

Om't de diken op in pear plakken trochbrutsen, kaam by de wettersneed fan 1 febrewaris 1953 ek in part fan Ouddorp ûnder wetter te stean. Ien fan 'e gatten wie te finen westlik fan 'e haven. Der gyngen tolve huzen ferlern, mar de bewenners koene har op 'e tiid yn feilichheid stelle. Der ferdronk ien persoan oan 'e Oudelandseweg.

Nei de Twadde Wrâldkriich groeide it doarp út ta in kustplak. It wie in selsstannige gemeente oant it yn 1966 opgyng yn 'e gemeente Goedereede. Sûnt 2013 heart it plak ta de gemeente Goeree-Overflakkee

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Nederlânske Herfoarme tsjerke hat in frijsteande toer. It koer datearret út 1348 en it skip waard yn 1734 op lytsere skaal op 'e nij boud, wêrtroch't de toer los kaam te stean. De Grifformearde tsjerke datearret út 1892, mar rekke yn 1944 skansearre en krige by in restauraasje yn 1946-1947 syn hjoeddeiske foarm.

De nôtmûne De Hoop waard yn 1845 boud en is letter restaurearre; hy draait noch regelmjittich op wynkrêft.

De fjoertoer Westhoofd waard yn 1947-1948 boud as ferfanging fan 'e eardere fjoertoer út 1911 dy't yn maaie 1945 troch de Dútsers opblaasd wie. De fjoertoer is likernôch 52 meter heech.

Súdlik fan Ouddorp leit in terp dêr't yn 'e trettjinde iuw it kastiel Spreeuwenberg op boud waard. Hjoed-de-dei is allinnich de heuvel oerbleaun.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: