Alddjip (Smellingerlân)
Appearance
It Alddjip is in feart yn de gemeente Smellingerlân, dy't de opfeart foarmet fan de súdliker lizzende Nije Mûntsegroppe nei Aldegea. Oanspronklik wie de feart de ferbining fan de Wide Mûntsegroppe nei it Aldegeaster Sân. By de ynpoldering fan it sân waard de feart ferlangere by de Wester Hoeke fan it sân lâns nei Aldegea. De súdein is no part fan de Nije Mûntsegroppe.
De namme Alddjip jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Ouddiep.