Springe nei ynhâld

Albert Aukema

Ut Wikipedy
Albert Aukema
keunstner
persoanlike bysûnderheden
berne1957
berteplakKoudum
wurkpaad
wurksum asByldhouwer
streamingFiguratyf en abstrakt

Albert Jacob Aukema (Koudum, 22 febrewaris 1957) is in Nederlânsk byldhouwer fan Frysk komôf.

Albert Aukema studearre fan 1976 oant 1978 oan de Akademy Vredeman de Vries yn Ljouwert en fan 2010 oant 2016 oan de Klassieke Academie voor Beeldende Kunst yn Grins. Syn wurk bestiet foar in part út moarmeren en brûnzen bylden en is wat styl oanbelanget stilearre figuratyf oant abstrakt, mar ek yn dat lêste gefal binne der licht anatomyske foarmen werkenber. Lokaal is benammen it neaken bekend dat pear moannen neist de Martinitsjerke stie en letter yn 2016 ferhuze is nei de entree fan it UMCG-sikehûs.

Aukema wennet en wurket yn Grins.

Utstallingen (in kar)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 2017 - Groepseksposysje Quality matters, galery Waarkunst, 't Waar, Grins
  • 2016 - Groepseksposysje Beelden in Gees, Gees
Boarnen, noaten en/as referinsjes: