Springe nei ynhâld

Akwadukt Galamadammen

Ut Wikipedy
Bouwurksamheden oan it Akwadukt Galamadammen.
It Galamadammen Akwadukt

It Akwadukt Galamadammen is in akwadukt yn it Johan Frisokanaal oer de N359 by Koudum hinne. It akwadukt is op 7 novimber 2007 iepene troch deputearre Piet Adema en ek de boargemaster fan Nijefurd, J.W. Boekhoven wie op it plak. Mei de bou fan it akwadukt is it lange opônthâld foar it wei- en wetterferkear oplost. Skippen kinne no 24 oeren deis, alle dagen yn it jier de dyk oerfarre. It Akwadukt Galamadammen is ien fan de fiif akwadukten dy't ûnderdiel út meitsje fan it Fryske Marrenprojekt.

Mei de bou fan de Galamdammen waard yn desimber 2005 begûn. It akwadukt bestiet út in súdeastlike tarit fan 193 meter, in sletten tunneldiel fan 73 meter en in noardwestlike tarit fan 203 meter. De folsleine lingte is 469 meter.

It Akwadukt biedt romte oan twa rybanen en in fytspaad. Boppe de noardwestlike tarit hinget yn brêge foar rinners, dêr't besikers fan it Galamadammen Hotel oer de dyk hinne stekke kinne nei de haven. Oan de súdkant fan it Johan Frisokanaal wurdt in ekosône boud, hjirdel krijt de natuer de kans de dyk feilich oer te stekken. It sletten diel is boud as in sinktunnel, sadat it wetterferkear gjin ferlet hat fan de bou fan it akwadukt.

De fytstunnel oan de súdeastside is fuorthelle, wol is de tunnel oan de noardkant bewarre bleaun. Ek de ophelbrêge oer it Johan Frissokanaal waard fuorthelle.

  • Fardjipte: 3,50 meter
  • Trochryhichte: 4,50 meter
  • Djipte akwadukt: 15,50 meter
  • Breedte akwadukt: 20,75 meter
  • Lingte: 394 meter

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]