Universitêr Medysk Sintrum Grins

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Haadyngong fan it UMCG

It Universitêr Medysk Sintrum Grins (UMCG) is in sikehûs yn Grins. De trije kearntaken binne sûnenssoarch, ûnderwiis en ûndersyk. It sikehûs stiet yn de Grinzer wyk Sintrum.

It UMCG is it gearwurkingsferbân dat op 13 jannewaris 2005 ûntstien is tusken it eardere Akademysk Sikehûd Grins (AZG) en de fakulteit Medyske Wittenskippen fan de Ryksuniversiteit Grins. It gebou fan it UMCG datearret fan 1997. Yn Nederlân binne de universiteiten ferantwurdlik foar it ûndersyk- en ûnderwiisbelied en de akademyske sikehuzen hawwe de ferantwurdliken foar pasjintesoarch, wurkplakfunksje en oplieding ta medysk spesjalist.

It sikehûs hat 1339 bêden en goed 10.000 wurkers yn 2017.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]