Aichi B7A

Ut Wikipedy
Aichi B7A Ryusei
algemiene ynformaasje
rol Torpedo- en dûkbommesmiter[1]
lân f. oarspr. Japan
makker Aichi Kōkūki
gebrûk
earste flecht Maaie 1942
út tsjinst Septimber 1945
tal makke 114 (1941–1945)
grutste brûker Keizerlike Japanske Marine

De Aichi B7A Ryusei (Ryusei betsjut 'Fallende stjer', alliearde namme Grace) wie in grutte en krêftige torpedo-dûkbommewerper foar fleandekskippen, produsearre troch Aichi Kōkūki foar de loftfeartôfdieling fan de Keizerlike Japanske Marine yn de Twadde Wrâldkriich. It type waard mar in lyts oantal fan boud en hie net de fleandekskippen dêr 't it fan operearje moast mear ta foldwaan. It fleantúch hie net folle kâns om him te ûnderskieden yn de striid foardat de oarloch einige yn augustus 1945.

Untwikkeling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ûntwikkeling fan de Aichi B7A giet werom op in spesifikaasje út 1941 om de Nakajima B6N en Yokosuka D4Y oan te foljen en letter te ferfangen.[1] It tastel hie poerbêste fleaneigenskippen wat faasje en manûvrearberens oanbelanget.[2] De oerlibbingskâns fan in Aichi B7A2 wie tige heech (foar in Japansk fleantúch út 1945). De bommewerper hie ek selstichtsjende brânstoftanks, dy 't by de earder neamde foargongers misten, wêrtroch 't de lêstneamden hege ferliezen hienen. De B7A hie knikte fleugels dy't omheechklapt wurde koene en dy 't tinken diene oan de Dútske Junkers Ju 87 Stuka en noch mear oan de Amerikaanske F4U Corsair.

Aichi B 7 A Ryusei bútmakke troch de FS. Yn 1946 makke de Amerikaanske loftferkenningsienheid ATAIU-SE testflechten mei it tastel

It earste prototype fleach yn maaie 1942. Swierrichheden mei de motor, bombardeminten en de Tōnankai-ierdskodding op de produksjelokaasje fertragen de searjeproduksje oant maaie 1944. Tsjin de tiid dat de tastellen klear wiene foar it front yn 1945, wiene de oarlochsgebieten al sa ticht by it memmelân Japan kommen te lizzen dat it gjin doel hie om se te brûken oan board fan de restearjende fleandekskippen of de yn 1945 nij boude fleandekskippen. It type waard noch wol test foar operaasjes op fleandekskippen, mar waard allinnich brûkt fan lânbases ôf. Uteinlik waarden der mar sa'n 114 fleantugen foltôge (dêr't 9 prototypen B7A 1 's en 105 B 2 's by wiene), dy 't net langer in wichtige bydrage leverje koene oan de oarlochsynspanning. 25 fan de 105 B7A 2 's waarden troch de Dai-Nijuichi Kaigun Kokusho yn Omara boud.[3]

In krêftigere B7A3-fariant mei in Mitsubishi MK9A stjermotor fan 1.620 kW (2.200 pk) wie pland, mar waard nea boud. Der wie ek in eksperimintele fariant fan de B7A2 mei in Nakajima Homare 23 fan 1.470 kW (2.000 pk).

Operasjonele skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn juny 1944 wie de Taih it iennichste fleandekskip fan de Japanske keizerlike marine dat doe modern genôch wie om de B7A Ryusei yn de rol dêr't er foar ornearre wie te brûken. Oare Japanske fleandekskippen hiene net de moderne rêdingsapparatuer dy 't nedich wie om fleantugen fan mear as 4000 kg te bergjen ta foldwaan. De Taiho waard lykwols te sink brocht ûnder de Slach yn 'e Filipynske See foardat der genôch B7A's beskikber wiene om oan board te gean. Dêrnei waard de B7A degradearre ta operaasjes fan lânbases ôf, benammen mei de Yokoocha en 752nd Air Groups. [1] De Japanners foltôgen mar ien oar fleandekskip dat by steat wie om de B7A te brûken, de Shinano, dy 't yn novimber 1944, mar tsien dagen nei de yntsjinststelling, troch in Amerikaanske ûnderseeër ta sinken brocht waard.

Technyske gegevens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Parameters B7A2
Bemanning 2
Lingte 11,5 m
Spanwiidte 14,40 m
Hichte 4,08 m
Fleugeloerflak 35,40 m²
Fleugellingte 5,9
Leechgewicht 3.810 kg
Maks. gewicht by opstigen 6.500 kg
Heechste faasje 567 km/o op in hichte fan 6.550 m
Klimfaasje 9,6 m/s
Tsjinstplafond 11.250 m
Fleanberik mei wapenlading 1.850 km,

Maks. 3.040 km

Oandriuwing ien Nakajima NK9C Homare 12, 18 sylinder stjermotor; 1342 kW (1800 hk)
Bewapening twa Type-99-Modell-2-20-mm-fluchfjoerkanonnen yn de fleugels
en ien 7,92 of 13-mm-masinegewear efter yn de cockpit,
ien torpedo fan 800 kg of 805 kg bommen
(fan lân ôf en op koarte ôfstân oant 1800 kg bommen of twa torpedo's fan 800 kg)

Besibbe ûntwerpen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 Chant 1999, s. 15.
  2. Gunston 1985, s. 26.
  3. Mondey 1984, s. 8.