Ahrenviöl
Appearance
| Ahrenviöl | ||
| Lokaasje gem. Ahrenviöl (read) yn Noard-Fryslân. | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Dielsteat | ||
| Kreis | Noard-Fryslân | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 518 (31.12.2025)[1] | |
| Oerflak | 10,11 km² | |
| Befolkingsticht. | 51 ynw./km² | |
| Hichte | 24 m | |
| Oar | ||
| Stifting | 1352 (foar it earst neamd) | |
| Postkoade | 25885 | |
| Offisjele webside | ||
| www.ahrenvioel.de | ||
| Kaart | ||
Ahrenviöl is in plak yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein, en makket diel út fan 'e lânkring Noard-Fryslân. Ahrenviöl telt 518 ynwenners (2025).
Oant de Dútsk-Deenske Kriich yn 1864 hearde it doarp ta de parochy Schwesing (Deensk: Svesing Sogn) yn it Hartochdom Sleeswyk, dat diel útmakke fan 'e Deenske ienheidssteat. Nei de anneksaasje fan Sleeswyk en Holstein troch Prusen waard út it gebiet fan 'e parochy Schwesing in saneamde Kirchspielslandgemeinde (parochy-plattelânsgemeente) foarme. Dy omfette njonken Ahrenviöl ek de fiif doarpen Hochviöl, Immenstedt, Schwesing, Wester-Ohrstedt en Oster-Ohrstedt.
Dat bleau sa oant 1934, doe't dy bestjoerlike ienheid opheft waard en Ahrenviöl in selsstannige gemeente waard.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
