Adriaan Metius
Adriaan Adriaansz. Metius (Alkmar, 9 desimber 1571 - Frjentsjer, 6 septimber 1635) wie in ferneamd Nederlânsk wis- en stjerrekundige. Adriaan studearre yn Frjentsjer (1589) en Leien by Snellius. Hy gie ± 1596 nei Tycho Brahe op de Uranienborg en dosearre yn Jena en Rostock. Yn 1598 waard hy professor oan de Universiteit fan Frjentsjer. Descartes folge syn kolleezjes. Hy wie twa kear rektor oan de pleatslike universiteit.
Syn útjeften waarden fersoarge troch Willem Blaeu, kaartmakker en útjouwer yn Amsterdam. Der is op de moanne in krater neamd nei him. Johannes Vermeer skildere op de Astronoom syn boek oer stjerrekunde.
Syn broer Jacob Metius wie glêzemakker en bewearde yn 1608 de teleskoop útfûn te hawwen - hy kaam lykwols letter mei dizze útfining as de Middelburgers Johannes Lipperhey en Sacharias Jansen. Syn heit Adriaen Anthonisz wie wiskundige, festingboukundige, kartograaf en boargemaster fan Alkmaar. Hy ûntwurp de festing Willemstêd en de festingwurken om Harns, Alkmaar, Muiden en Naarden. Hy berekkene in wearde foar π.
Adriaan Metius makke ek it boekje Fortificatie en Stercktebouwinghe, dêr't er tige sekuer yn útleit hoe't syn heit Adriaan Anthoniszn. ûntwerpen foar fiif- en sânhoekige festingen berekkene en dizze yn it fjild ôfstuts. Dizze berekkeningen hat hy û.o. tapast by it ûntwerp fan de festing Boertange en de fersterking fan de festingstêd Coevorden, beide yn 1580, yn opdracht fan Prins Willem fan Oranje.
Publikaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Manuale arithmeticae & geometrice practicae, Adriaan Metius, 1633 full text
- Fortificatie en Stercktebouwinghe
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Nederlânsk astronoom
- Nederlânsk wiskundige
- Nederlânsk heechlearaar
- Nederlânsk ynstrumintmakker
- Nederlânsk útfiner
- Nederlânsk publisist
- Frysk astronoom
- Frysk wiskundige
- Frysk heechlearaar
- Frysk ynstrumintmakker
- Frysk útfiner
- Frysk publisist
- Studint oan de Universiteit fan Frjentsjer
- Heechlearaar oan de Universiteit fan Frjentsjer
- Frysk persoan fan Nederlânsk komôf
- Persoan stoarn yn Frjentsjer
- Persoan berne yn 1571
- Persoan stoarn yn 1635