Adeodatus II
Adeodatus II | ||
kristlik lieder | ||
amt en titulatuer | ||
amt | paus fan Rome | |
tsjerke | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
bisdom | Rome | |
sit | Hillige Sit | |
amtsperioade | 672 – 676 | |
foargonger | Fitalianus | |
opfolger | Donus | |
persoanlike bysûnderheden | ||
bertedatum | ± 621 | |
berteplak | Rome | |
stjerdatum | 17 juny 676 | |
stjerplak | Rome |
Paus Adeodatus II (berne yn Rome; ferstoarn yn Rome op 17 juni 676) wie fan 11 april 672 oant 17 juny 676 biskop fan Rome.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Adeodatus II wie in soan fan in sekere Jovinianus en libbe as benediktynske muonts yn it Romeinske kleaster fan Sint-Erasmus op de Coelius. Op 11 april 672 folge hy Fitalianus op as paus. Syn ferkiezing waard in pear wike letter ratifisearre troch de eksarch fan Ravenna, lykas wenst yn de tiid fan it byzantynske pausdom. Yn dy tiid wie Adeodatus al in âld man.
Pontifikaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oer it pontifikaat fan Adeodatus II is mar in hiel lyts bytsje bekend. It foel tegearre mei in weach fan omtinken foar paus Martinus I en Maksimus de Belider, dy't alle twa bekend stiene fanwegen harren wjerstân tsjin it monoteletisme. Yn it ljocht dêrfan fersmiet paus Adeodatus de synoadyske brieven dy't patriarch Konstantyn I fan Konstantinopel him stjoerd hie.
Paus Adeodatus II wijde syn regear oan de restauraasjes fan brekfallige tsjerken. Somtiden wurdt er hillich neamd en syn feestdei soe op 26 juny falle, mar dêr bestiet ferskil fan miening oer. Syn pontifikaat hie net in soad ynfloed op de wrâld. Hy ferstoar op 17 juny 676 en waard opfolge troch Donus.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|