Adema's Atleet

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

Adema´s Atleet wie in bolle dy´t sjoen wurdt as de grûnlizzer fan in melkfleistypyske ko.

It âlderwetske Frysk-Hollânske bist waard yn 1929 berne by de firma Knol yn Hartwert en hat tolve jier foar neiteam soarge. It wie in type mei adel, net grut (1.30 m skofthichte) en wat grou. Yn 1943 waard er ôfmakke yn Jelsum. Syn kop, mei in gewicht fan 100 kilo, gie nei de Universiteit fan Wageningen. It gebou dêr't er hong waard sletten en dêrom moast der nij plak komme. De kop fan de ferneamde Fryske bolle krige maitiid 2012 in plakje yn it Frysk Lânboumuseum yn Earnewâld.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Blêd Veeteelt, desimber 2011, side 100