Springe nei ynhâld

Achterberg (Utert)

Ut Wikipedy
Herfoarme tsjerke fan Achterberg
Lokaasje fan Achterberg yn de gemeente Rhenen

Achterberg is in doarp yn de gemeente Rhenen yn de Nederlânske provinsje Utert. It doarp hat 1.670 ynwenners (2021).[1]

Biskop Godfryd fan Renen (1156-1178) liet it kastiel Ter Horst yn Achterberg oan de foet fan de Grebbeberch bouwe. It kastiel tsjinne as in fersterking en in finzenis. It doarp sels waard pas yn 1417 foar it earst neamd. It doarp waard by it kastiel boud en betsjut "efter de (Grebbe}berch". It kastiel waard yn 1543 sloopt.

Yn de Twadde Wrâldkriich waard yn maaie 1940 by Achterberch tige hurd fochten. Der steane noch kazeatten út dy tiid, dy't hjoed-de-dei te besichtigjen binne.

It doarp hat trije tsjerken: in herfoarme tsjerke yn de PKN, in hersteld herfoarme tsjerke en Ald-grifformearde tsjerke.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Commons Commons: Achterberg – foto, fideo en harktriemmen
Rhenen
Stêd:
Rhenen
Doarpen:
AchterbergElst
· · Berjocht bewurkje