Springe nei ynhâld

About a Girl

Ut Wikipedy
About a Girl
algemiene ynformaasje
artystNirvana
albumBleach
taalIngelsk
sjenreGrunge
útbrocht15 juny 1989
opnommenReciprocal Recording Studio,
jannewaris, 1989
doer2:48
labelSub Pop
skriuwerKurt Cobain
produsintJack Endino

About a Girl is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Nirvana yn jannewaris 1989 en útbrocht op it album Bleach fan Nirvana út 1989. About a Girl wie it tredde nûmer op it album, it nûmer waard doe net útbrocht as single.

About a Girl waard yn maaie 1989 skreaun troch Kurt Cobain, by it skriuwen fan it nûmer hie Cobain noch gjin titel foar it nûmer. Nei't drummer Chad Channing frege wêr't it nûmer oer gie, skynt Cobain sein te hawwen: "It's about a girl".[1] It oanbelangjende famke wie de doetiidske freondinne fan Cobain, Tracy Marander. It nûmer hie in soad popynfloeden wat foar Cobain in reden wie om it nûmer net op it album Bleach op te nimmen, om't de eftergrûn fan Nirvana grunge wie. Produsint Jack Endino wie it hjirmei lykwols ûniens en it nûmer bedarre dochs op it album.

MTV Unplugged ferzje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
About a Girl
algemiene ynformaasje
B-kantSomething in the Way
artystNirvana
albumMTV Unplugged in New York
taalIngelsk
sjenreGrunge
útbrocht24 oktober 1994
opnommenSony Music studio's
18 novimber 1993
doer3:37
labelDGC
skriuwerKurt Cobain
produsintScott Litt,
Nirvana
resultaten
hitlistenflagge fan Nederlân Top 40 - 26,
flagge fan Nederlân Single Top 100 - 22,
flagge fan Belgje Ultratop 50 - 13
sertifisearre Grut-Brittanje sulver

About a Girl is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Nirvana op 18 novimber 1993 yn de Sony Music studio's, yn New York as ûnderdiel fan in akoestysk optreden foar in programma fan tillefyzjestjoerder MTV en waard in jier letter in pear moannen nei it ferstjerren fan Kurt Cobain útbrocht. About a Girl is it earste nûmer op it album en waard op 24 oktober 1994 útbrocht as iennichste single fan it album.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: