Abastenia St. Leger Eberle

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Abastenia St. Leger Eberle
Art-1300258.svg keunstner
Abastenia St. Leger Eberle.jpg
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan de Feriene Steaten Amerikaansk
berne 6 april 1878
berteplak Webster City (Iowa),
stoarn 26 febrewaris 1942 (63 jier)
stjerplak New York City
wurkpaad
wurksum as Byldhouwer
streaming Ashcan School
New Sculpture
Realisme
bekendste
  wurk(en)
Girl Skating (1907)
White Slave (1913)
The White Slave, 1912–13

Abastenia St. Leger Eberle (6 april 187826 febrewaris 1942) wie in Amerikaansk byldhouster bekend fan har krêftige, lytse brûnzen bylden fan earme emigranten fan de Lower East Side yn New York City.

As keunstner wie Eberle der sterk fan oertsjûge dat keunstners politike en maatskiplik engazjearre keunstwurken meitsje moasten dy't aktuele fraachstikken wjerspegelen.

Eberle krewearre in grut part fan har libben oan likense rjochten foar Amerikaanske froulju en (maatskiplike) gelikens yn it algemien. Har ferneamdste wurk, The White Slave, 'de wite slaaf', dat berneprostitúsje útbyldet, soarge foar 'in stoarm fan kontroverze' op de de tentoanstelling op de Armory Show fan 1913. [1]

Sy waard in protte beynfloede troch it wurk fan sosjaal wurkster fan de earste oere Jane Addams (1860–1935) en fielde har tige belutsen by de feministyske beweging.

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Knoxville Museum of Art: “The 20th Century”, útjouwer: Elsa Honig Fine
  • Louise R. Noun, "Abastenia St. Leger Eberle", 1980 Des Moines Art Center
  • Barbara Haskell, "American Century", Art & Culture 1900–1950
  • Melissa Dabakis, "Visualizing Labor in American Sculpture", yn Monuments, Manliness, and the Work Ethic, 1880–1935]], 1999
  • Jane Scoular, The Subject of Prostitution: sex/work and social theory, Routledge, 2009

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Susan P. Casteras, "Abastenia St. Leger Eberle's White Slave", Woman's Art Journal, 1986 (Jstor.org)]