Aald Hielpen

Ut Wikipedy

Aald Hielpen (Hylpersk, Ald Hylpen) is in folkloristyske sjong- en dûnsgroep út Hylpen. De feriening is oprjochte yn 1912.

Trochdat Hylpen eartiids isolearre lei en oer wetter in soad kontakten mei Amsterdam hie, is net allinnich in eigen dialekt ûntstien, mar ek in eigen Hylper dracht. Nei 1880 waard der net folle Hylper dracht mear alle dagen droegen. De lêste frou dy't it noch alle dagen oan hie wie Dirkje Husser dy't yn 1882 ferstoar.

Om de klaaiïnge yn eare te hâlden waard yn 1912 is stifting oprjochte. Net allinnich foar it garjen fan klean, mar ek sieraden, gebrûken, ferskes, dûnsen en alles wat der mei anneks wie. Aald Hielpen dûnset tsjintwurdich yn klean út de 18e en 19e iuw. De feriening treedt op by festiviteiten en hat ek optreden yn it bûtenlân. Der wurde ek útwikselingen dien mei oare groepen yn it bûtenlân. Yn 1992 is noch in Hylper kapteinsbrulloft neispile wêrby't de breid it tradisjonele read-wite kostúm draacht, it 'molke en bloed' sa't it yn de folksmûle neamd wurdt.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]