Springe nei ynhâld

ASCAP

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan ASCAP Award)
American Society of Composers, Authors and Publishers
algemiene ynformaasje
ôfkoarting ASCAP
nasjonaliteit Amerikaansk
type org. not-for-profitorganisaasje
wurkmêd behear fan copyright op muzykstikken
haadkertier New York (New York)
oprjochte 1914
offisjele webside
www.ascap.com

De ASCAP (folút: American Society of Composers, Authors and Publishers; "Amerikaansk Genoatskip fan Komponisten, Auteurs en Utjouwers") is ien fan 'e trije Amerikaanske not-for-profitorganisaasjes (de oaren binne BMI en de SESAC) dy't it copyright fan muzykstikken yn 'e Feriene Steaten regelje (en dêrmei dus in gelikense funksje hawwe as de BUMA-STEMRA yn Nederlân). De ASCAP waard oprjochte yn 1914, en is fêstige yn New York. De organisaasje inet betellings foar auteursrjochten fan draaide of útfierde muzyk foar de lietsjeskriuwers, komponisten en muzykútjouwers dy't lid binne fan 'e ASCAP, en soarget dat sok jild as royaltys oan 'e oangeande leden útkeard wurdt.

Sa ine de ASCAP yn 2012 mear as $941 miljoen, wêrfan't $828,7 miljoen yn 'e foarm fan royaltys by de leden telâne kaam (de rest waard brûkt om 'e ûnkosten fan 'e organisaasje sels fan it beteljen). De organisaasje hat mear as 460.000 leden, wêrûnder bgl. de Beatles, Dr. Dre, de Rolling Stones en Stevie Wonder, en de erven fan John Denver, Jimi Hendrix, Marvin Gaye en Janis Joplin. Elts jier rikt de ASCAP fierders de ASCAP Awards út om dý leden te earjen fan wa't it foargeande jier de wurken it meast draaid of útfierd binne.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.