AJ Odudu

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
AJ Odudu
Mikrofono.svg tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
persoanlike bysûnderheden
echte namme Onatejiro Odudu
nasjonaliteit Flag of the United Kingdom.svg Britsk
berne 12 febrewaris 1988
berteplak Blackburn (Ingelân)
etnisiteit Flag of Nigeria.svg Nigeriaansk
wurkpaad
wurksum as presintatrise
medium tillefyzje, radio
wurksum by BBC, ITV
jierren aktyf 2009 – no
offisjele webside
www.ajodudu.com

AJ Odudu (útspr.: ['e:ʤe: o'du:du:], likernôch: "eedzjee odûûdûû"; eins: Onatejiro Odudu; Blackburn (Ingelân), 12 febrewaris 1988) is in Britsk presintatrise en blochster fan Nigeriaansk komôf. Hja sette har karriêre útein by de BBC, mar is it bekendst wurden as presintatrise fan it reality-spin-off-programma Big Brother's Bit on the Side, fan 'e stjoerder Channel 5.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Odudu waard berne yn Blackburn, yn it Noardingelske greefskip Lancashire, as ien fan acht bern yn it gesin fan Nigeriaanske ymmigranten. Hja genoat har oplieding efterinoar oan 'e St. Bede's Roman Catholic High School en it St. Mary's College, beide yn Blackburn, en learde doe fierder oan 'e Keele Universiteit te Newcastle-under-Lyme, yn Staffordshire, dêr't se bachelorstitels behelle yn Ingelske taal- en letterkunde en politikology.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Odudu sette har karriêre útein as ferslachjouster foar it programma BBC Blast, op Radio Lancashire. Har earste presintaasjewurk krige se yn 2009, yn it programma The Almost Perfect Guide to Life, op BBC 2. Datselde jiers presintearre hja ek The 5:19 Show, in online-programma op 'e webside fan 'e BBC. Yn 2010 presintearre Odudu it berneprogramma Teensville: Teen Witches, en yn 2011 spile se harsels yn 'e rige Comedy Lab.

Yn 2012 wie Odudu ien fan 'e presintators fan it live-ferslach op 'e stjoerder Sky Arts fan it Isle of Wight Festival. Yn 2013 presintearre hja mei Rylan Clark en Emma Willis foar Channel 5 it reality-spin-off-programma Big Brother's Bit on the Side, en letter Celebrity Big Brother's Bit on the Side. Yn novimber 2013 waard se datoangeande lykwols ferfongen troch Carol McGiffen.

Underwilens wie Odudu yn augustus 2013 har eigen bloch begûn op 'e webside fan it tydskrift Hello. Yn 2014 wie se noch as panellid yn ferskate programma's te sjen.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.