Springe nei ynhâld

HIV/AIDS-ûntkenning

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan AIDS-ûntkenning)
Elektronmikroskopy fan human immunodeficiency virus. HIV/AIDS-ûntkenners ûntkenne dat HIV AIDS feroarsaket

HIV/AIDS-ûntkenning is in opfetting dêr't wegere wurdt by oan te nimmen dat HIV (human immunodeficiency virus) AIDS (acquired immune deficiency syndrome) feroarsaket, nettsjinsteande dêr fêstlizzend bewiis foar is[1][2][3]. Guon fan dy ûntkenners tinke sels dat HIV net iens bestiet, wylst oaren wol tinke dat HIV bestiet, mar falsk beweare dat it in ûnskealik passaziersfirus is, en net de oarsaak fan AIDS. Safier't se it bestean fan AIDS wol as in slimme sykte befêstigjen, skriuwe se it falsk ta in kombinaasje fan seksueel gedrach, it brûken fan drugs, ûnderfieding, in minne hygiëne, hemofily, of it effekt fan behanneling fan HIV[4].

Der is wittenskiplik bewiis fêststeld dat HIV AIDS feroarsaket. It grûnwurk fan HIV/AIDS-ûntkenning leit op pseudowittenskip, gearspanningsteoryen[5] en de mislieding fan wittenskip dat net mear by de tiid is[6]. Hjoed-de-dei wurdt HIV/AIDS-ûntkenning troch de wittenskip net mear serieus nommen en wurdt benammen noch presintearre foar in leech oplaat publyk en oer de ynternet[7][8].

Nettsjinsteande it brekme oan wittenskiplike ûnderbou, hat HIV/AIDS-ûntkenning in grutte politike ynfloed hân, benammen yn Súd-Afrika ûnder presidint Thabo Mbeki. Wittenskippers en dokters hawwe alarm slein oer de ûnnedige minskelibbens dy't dat koste hat, om't HIV-positive minsken mismoedige waarden en sykje behanneling[9]. Undersikers fan de folkssûnens oppenearren dat de AIDS-ûntkenning fan de Súdafrikaanske oerheid der ta late dat, neffens in rûzing, 330.000 oant 340.000 minsken oan AIDS ferstoaren, tagelyk mei 171.000 oare HIV-ûntstekkings en 35.000 bern mei HIV-ûntstekkings[10]. As andert dêrop waard de Ferklearring fan Durban yn 2000 ûndertekene, dêr't 5.000 dokters befêstigen dat HIV yndie AIDS feroarsaket[11].

Ek it minder brûken fan HIV-remmers is in grutte soarch oer gâns de wrâld, om't der kâns is dat der nije firusstammen opdûke dy't resistint binne[12].

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Institute of Medicine (US) Committee for the Oversight of AIDS Activities (1988). Confronting AIDS: Update 1988
  2. The Evidence that HIV Causes AIDS. National Institute of Allergy and Infectious Disease. 4 septimber 2009. Oproppen 14 oktober 2009.
  3. Institute of Medicine of the U.S. National Academy of Sciences. …the evidence that HIV causes AIDS is scientifically conclusive.
  4. Cohen, J (1994). Duesberg and critics agree: Hemophilia is the best test. Science. 266 (5191): 1645–6
  5. Kalichman, SC (1 jannewaris 2014). The Psychology of AIDS Denialism. European Psychologist. 19 (1): 13–22
  6. Denying science. Nat. Med. 12 (4): 369. 2006. Om harren ideeën foar wier oan te nimmen, hawwe guon AIDS-ûntkenners in misliedende beoardieling yn Nature Medicine dien dêr't it artikel begjint mei in leauwensweardige útspraak: "Nettsjinsteande in goede foarútgong yn de HIV-wittenskip yn de lêste 20 jier, is it hieltyd noch net wis wêrom't HIV-1 ûntstekking patogenysk is."
  7. Smith, TC; Novella, SP (augustus 2007). HIV denial in the internet era. PLOS Medicine. 4 (8)
  8. Steinberg, J (17 juny 2009). AIDS denial: A lethal delusion. New Scientist. 2713. Oproppen 14 oktober 2009.
  9. Watson, J (2006). Scientists, activists sue South Africa's AIDS "denialists". Nat. Med. 12 (1): 6.
  10. Chigwedere, P; Seage, GR; et al. (oktober 2008). Estimating the lost benefits of antiretroviral drug use in South Africa. Journal of Acquired Immune Deficiency Syndromes. 49 (4): 410–15.
  11. Aiken, Jonathan (1 july 2000). International scientists, doctors reaffirm HIV causes AIDS. CNN. Oproppen op 14 oktober 2008
  12. Tang, MW; Shafer, RW (2012). HIV-1 antiretroviral resistance: scientific principles and clinical applications. Drugs. 72 (9): e1–25.