Springe nei ynhâld

Wapen fan Flylân

Ut Wikipedy
De ferzje fan 28 jun 2020 om 00.46 troch Wutsje (oerlis | bydragen) (st; fl)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Gemeentewapen fan Flylân

It wapen fan de gemeente Flylân is offsjeel fan 13 septimber 1590. Yn in bewarre bleaune oarkonde, ûndertekene troch Johan fan Oldenbarnevelt, erkennen by dy gelegenheid 'De Ridderschap, Edelen ende Steeden van Holland ende Westvriesland' dat East-Flylân in eigen wapen fiere mei.

Yn 1958 waard it by keninklik beslút omskreaun as Yn sulver in omkearde seepink mei hyst grutseil yn natuerlike kleuren, mei op de efterstjûne in flagge besteande út trije horizontale banen fan read, wyt en blau, en silend op in út de skyldfoet útkommende see fan sinopel (grien).
In seepink wie in type fiskersskip, in soad foarkommend yn de sechtjinde en santjinde iuw.