Latynske skoalle
De Latynske skoalle wie eartiids (foar de 19e iuw) in skoaltype dêr't learlingen (allinnich jonges út begoedige húshâldings) tariede waarden op de universiteit. It skoaltype wreide har oer gâns Europa út.
Destiids wie it Latyn de taal fan de wittenskip, en de kolleezjes op universiteiten waarden yn dizze taal jûn. Kennis fan it Latyn wie essinsjeel foar elkenien dy't dy't hegere stúdzjes dwaan woe. It lesprogramma fan de Latynske skoalle bestie foar it meastepart út Latyn. Oare fakken wienen fan mindere betsjutting.
In soad Nederlânske stêden (ûnder mear Amsterdam, Rotterdam, De Haach, Dordrecht - it âldste fan Nederlân, Alkmaar, Gouda, Haarlim, Leien, Dimter en Grins), hiene sûnt de 14e iuw in Latynske skoalle. Sûnt de 16e iuw waard ek it Gryksk opnomd yn it skoalprogramma.
Yn de 18e iuw waard yn Nederlân de populariteit fan de Latynske skoallen minder, ûnder mear troch de opkomst fan de "Frânske skoallen", dêr't Frânsk leard wurde koe (in taal dy't doe dwaande wie it Latyn te ferstjitten fan syn posysje as Europeesk lingua franca) en praktyske fakken lykas boekhâlden.
Yn 1838 waard der yn Nederlân in ûnderwiisherfoarming trochfierd, wêrby't de Latynske skoalle plak makke foar it gymnasium, in skoaltype dêr't Latyn noch hieltyd it wichtichste fak wie, mar wol folle mear tiid útlutsen waard foar de moderne talen (Frânsk en Dútsk, bytiden ek Ingelsk), wiskunde en natuerwittenskippen. Yn de jierren nei 1838 waarden alle Latynske skoallen omset yn gymnasia.
It opskrift boppe de eardere Latyske skoalle yn Gouda : "Praesidium atque decus quae sunt et gaudia vitae - Formant hic animos Graeca Latina rudes" bestjut (frij oersetten) : 'Om ris ta steun, sieraad en boarne fan wille yn it libben te wêzen, foarmje Gryksk en Latyn hjir de noch rûge geast'.
Yn Fryslân hawwe der latynske skoallen west yn Boalsert, Dokkum, Frjentsjer, Harns, De Jouwer, Kollum, Ljouwert, Snits en Warkum.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|