Springe nei ynhâld

Archeolooch

Ut Wikipedy
De ferzje fan 5 jun 2020 om 15.20 troch Escarbot (oerlis | bydragen) (wikidata interwiki)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

In archeolooch is ien dy't mei sukses de oplieding archeology oan in universiteit dien hat. Ien dy't dizze oplieding net dien hat, mar him wol dwaande hâldt op dat mêd wurdt in amateur-archeolooch neamd. In archeolooch is in wittenskipper dy't oan de hân fan âlde oerbliuwsels fan eardere kultueren it ferline besiket te rekonstruearjen.

Utsein archeologen binne by opgravings ek oare deskundigen nedich, lykas:

  • Antropologen, wittenskippers dy't kennis hawwe fan de maatskippij.
  • Archeobotanisten, wittenskippers dy't kennis hawwe fan planten út eardere tiden.
  • Archeozoölogen, wittenskippers dy't kennis hawwe fan dieren út eardere tiden.
  • Boaiemkundigen, minske mei kennis fan it ûntstien fan, en feroaringen yn de boaiem. .
  • Kartografen, minsken dy't de opgravings yn kaart bringe.
  • Ekologen, minske dy't ferstân hawwe fan de natuerlike omjouwing.

Bekende archeologen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]