Springe nei ynhâld

Suëzkrisis

Ut Wikipedy
De ferzje fan 1 jun 2020 om 02.10 troch Wutsje (oerlis | bydragen) (fl)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Dit artikel is in stobbe oer skiednis.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.
Operaasjes ûnder de Suezkrisis

De Suëzkrisis of Twadde Arabysk-Israelyske Oarloch, fan 1956 wie in wapend konflikt oer it besit en de tagong fan it Suëzkanaal. It gefolch wie in oarloch yn de Sinaï tusken Egypte oan de iene kant en Israel, mei it Feriene Keninkryk en Frankryk oan de oare kant. By it konflikt sneuvelen 1600 Egyptners en 215 soldaten fan de oare trije lannen dy't derby belutsen wienen. De gefjochten wienen fan 31 oktober oant en mei 5 novimber 1956, de Israelyske besetting fan de Sinaï-woastyn en de Gazastripe waard yn maart 1957 opheft. De Suëzkrisis wurdt meastentiids sjoen as it definitive ein fan Frankryk en it Feriene Keninkryk as grutmachten.

Wichtige persoanen yn it konflikt

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]