Springe nei ynhâld

John Maynard Keynes

Ut Wikipedy
De ferzje fan 31 mai 2020 om 01.18 troch Wutsje (oerlis | bydragen) (fl)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
John Maynard Keynes yn 1933

John Maynard Keynes (Cambridge, 5 juny 1883Firle, East Susseks, 21 april 1946) wie in Britsk ekonoom.

Syn heit, John Neville Keynes, wie universitêr dosint yn ekonomy en logika. Op skoalle wûn John Maynard in beurs foar Eton dêr’t hy al gau opfoel troch syn mearsidige talinten. Hy studearre earst oan it King's College yn Cambridge wiskunde en filosofy, en pas letter begûn er oan de ekonomystúdzje. Keynes helle foar ekonomy mar in betreklik leech sifer. Hy liet him sels dúdlik út oer dat resultaat: "Ik wist kenlik mear fan ekonomy ôf as myn eksaminators".

Keynes wurke sûnt 1906 as amtner ûnder oare by it India Office. Hy fertsjintwurdige it Ingelske Ministearje fan Finansjen op de fredeskonferinsje fan Versailles nei de Earste Wrâldoarloch. Hy wie it net iens mei de hege werstelbetellingen dy't Dútslân nei de oarloch oplein waarden. Sa skreau er yn 1919 de "The Economic consequences of the Peace". Doe't er werom wie yn Cambridge waard Keynes earst lektor yn de ekonomy en letter "Fellow of King's", in funksje dy't er syn fierdere libben hâlde soe. Yn 1921 publisearre hy it boek "A Treatise on Probability" en yn 1936 "The General Theory of Employement, Interest and Money". Mei syn "General Theory" is Keynes ien fan de ferneamste ekonomen wurden en hat er nije ynsichten jûn foar de ekonomyske polityk fan de oerheid, rjochte op it bestriden fan konjunkturele wurkleazens (de anti-syklyske begruttingspolityk). Keynes hat troud west mei de Russyske balletdûnseresse Lydia Lopokova.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Commons
Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

John Maynard Keynes