Newcastle upon Tyne
Newcastle upon Tyne | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Keninkryk | |
County | Tyne and Weare | |
Regio | Noardeast Ingelân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 273.600 (2008) | |
Oerflak | 113 km² | |
Stêdekloft | 1.093.400 (Tyne and Wear)
1.650.000 (Tyne and Wear City Region) | |
Oar | ||
Stifting | 2e iuw | |
Tiidsône | GMT (UTC+0) | |
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
Offisjeel webstee: http://www.newcastle.gov.uk/ |
Newcastle upon Tyne, faak ôfkoarte ta Newcastle, is in stêd (city) yn de county Tyne and Wear yn Noard-East Ingelân.
It is in selstandige gemeente; mei de gemeenten Noard-Tyneside, Súd-Tyneside en Gateshead foarmet it ien steedlik gebiet, de Newcastle-Gatesheadmetropoal. Newcastle is de meast wichtige stêd fan Noard-East Ingelân.
In ynwenner fan Newcastle wurdt ek wol in Geordie neamd.
Ut de skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De stêd waard troch de Romeinen, ûnder keizer Hadrianus, stifte. It plak hjitte doe Pons Aelius. Neidat de Romeinen út Ingelân wei gien wiene, waard it plak, dat doe Monkchester hjitte, de haadstêd fan it keninkryk Northumbria en waard in wichtich beafeartsplak fanwege de Hillige Boarne fan de Jezusberch, no Jesmond. De stêd tanket har namme oan it kastiel dat yn 1080, fanwege Robert II, hartoch fan Normandje, de âldste soan fan Willem de Oermasterer set waard. Fjochterij mei de Wytsingen waard de stêd yn 1080 benei folslein by ferwoastge. De stêd waard in wichtich sintrum foar de wolhannel en letter waard de stienkoalwinning yn de omkriten fan grut belang.
Yn de midsiuwen wie Newcastle, strategysk oan de grins mei Skotlân, ek in festingstêd fan belang.
De haven en de skipswerven oan de Tyne ûntjoegen har tige yn de 16e iuw; de stêd waard doe ta ien fan de grutste sintrums yn de wrâld wat skipsbou en skipsreparaasjes oanbelange. De stêd groeide fierder yn de tiid fan de Yndustriële Revolúsje, mar de yndustry rekke healweis de 20e iuw yn de nederklits. Newcastle is no fral fan belang as sake- en kultuersintrum.
Berne yn Newcastle
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Charles William Mitchell (1854–1903), keunstskilder
- Basil Hume (1923-1999), kardinaal en aartsbiskop fan Westminster
- David Pawson (1930), predikant en teolooch
- Chas Chandler (1938-1996), muzikant (The Animals), produsint en manager
- Hank B. Marvin (1941), musikus
- Brian Johnson (1947), musikus
- Sting (1951), musikus
- Kevin Whately (1951), akteur
- Abhisit Vejjajiva (3 augustus 1964), minister-presidint fan Tailân
- Gary Robson (19 juny 1967), pylkjesmiter (darter)
- Alan Thompson (22 desimber 1973), fuotballer
- Sue Rolph (15 maaie 1978), swimster
- Cheryl Ann Cole - Tweedy (30 juny 1983), sjongster
- Richard J. Thompson (20 maaie 1986), sjonger
- Joe McElderry (16 juny 1991), sjonger
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Newcastle upon Tyne fan Wikimedia Commons. |