Springe nei ynhâld

Opslachmar

Ut Wikipedy
De ferzje fan 26 mai 2020 om 00.37 troch Wutsje (oerlis | bydragen) (fl)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

In opslachmar of in kearmar is in keunstmjittige mar, dy't ûntstien is trochdat de minske in keardaam yn in rivier oanlein hat, dy't it wetter op dat plak opkeart en sammelet. Mei it grutte ferfal dat op dy wize ûntstiet, kin in wetterturbine oandreaun wurde dy't op syn beurt wer in elektryske generator draaie lit. Op dy wize wurdt wetterkrêftenerzjy opwekke, wat in tige skjinne foarm fan enerzjy is.

In oare reden om in keardaam oan te lizzen en in opslachmar te skeppen, is om 'e wetterfoarrie te regulearjen as der yn 'e drûge tiid brekme oan wetter is, wylst der yn 'e reintiid genôch is. It opgarre wetter kin dan yn 'e drûge tiid brûkt wurde foar yrrigaasje fan lânbougrûn of as drinkwetterfoarsjenning.

Ferneamde opslachmarren binne û.m. de Mar fan Rybinsk, yn 'e Wolga, yn Ruslân, de Trijekleauwemar, yn 'e Jangtse, yn Sina, en de Nassermar, yn 'e Nyl, yn Egypte. De grutste opslachmar fan 'e wrâld is de Karibamar, yn 'e Sambezy, yn Simbabwe. De iennichste opslachmar yn Nederlân leit yn 'e Ansteldelling, by it Limburchske Kerkrade.


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.