Springe nei ynhâld

Keppelarbeid

Ut Wikipedy
De ferzje fan 25 mai 2020 om 12.34 troch Wutsje (oerlis | bydragen) (fl)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

Keppelarbeid wie seizoenarbeid troch organisearre groepen. Sokke groepen bestienen út losse arbeiders, froulju en bern, ûnder lieding fan in keppelbaas dy't it wurk fan de boer oannaam.

Keppelarbeid wie yn de 19e iuw benammen yn de bouhoeke wenst foar wjudzjen, flaakslûken, ierpeldollen en sa. Trochdat der gjin beskerming tsjin de eigenwille fan de boer en de keppelbaas wie en troch de gearstalling fan de 'keppel' of 'boom', soms besteand út de rûchste eleminten fan de arbeidersdoarpen op de heide, foarme de keppelarbeid faak in maatskiplik kwea. Dat kaam benammen troch de berne-arbeid en it ferfal fan de troch de need yn it keppel dreaune goede arbeider. Sjoch ek by Sint Jabik: "Broedertrouw".

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: