Springe nei ynhâld

The Quarrymen

Ut Wikipedy
De ferzje fan 24 mai 2020 om 17.48 troch Wutsje (oerlis | bydragen) (fl; "foargoed" liket my sterk)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
The Quarrymen (Colin Hanton, Len Garry, Rod Davis) (2011)

The Quarrymen is in popgroep dy't yn 1956 oprjochte waard troch John Lennon.

Bandleden wienen: Pete Shotton (waskboerd), Eric Griffiths (gitaar), Bill Smith (basgitaar) en Rod Davis (banjo). De namme The Quarrymen kaam fan de Quarry Bank Grammar School, dêr't Lennon en oare leden fan de band nei skoalle gienen.

Al nei it earste optreden kamen der twa nije leden by, Paul McCartney en George Harrison. Sy namen yn 1958 harren earste single (That'll Be the Day) op. Dêrnei waard de namme fan de groep feroare yn The Silver Beetles en noch letter yn The Beatles. Yn 1959 kamen Pete Best (drums) en Stuart Sutcliffe (bas) by de band. Yn 2008 namen The Quarrymen fan no in twadde single op mei ûnder oaren Rod Davis (Never stop rockin' rollin').

De oarspronklike band hold yn 1960 op te bestean. Yn 1994 en 1995 hold in groep âld-bandleden in reünytoernee, yn 1997 waard de band weroprjochte.