Springe nei ynhâld

Liguerje

Ut Wikipedy
De ferzje fan 22 mai 2020 om 00.52 troch Wutsje (oerlis | bydragen) (st)
Liguerje
Flagge Wapen
Nog geen wapen
Lokaasje yn Itaalje
Algemien
Haadstêd Genua
Oerflakte 5410
Befolking 1.760.000
Befolkingstichtens 330
Oare ynformaasje
Heechste punt Monte Saccarello: 2200
Oantal gemeenten 235
Provinsjes Genua, Imperia, La Spezia, Savona

Liguerje (Italjaansk: Liguria; Liguerysk: Ligûria) is in regio dy't oprjochte waard yn 1859. De regio leit oan de kust fan it noardwesten fan Itaalje en de op twa nei lytste. It grinzet yn it westen oan Frankryk, en oan de Italjaanske regio's Piëmont yn it noarden en yn it easten Emilia-Romagna en Toskane. De namme Liguria komt út de pre-Romeinske tiid.

Liguerje leit oan de Golf fan Genua, dat in part is fan de Ligueryske See, wat wer it noardlikste stik is fan de Middellânske See.De kuststripe wurdt ek wol de Ligueryske kust neamd. In oare namme is de Italjaanske of blommeriviêra, dêr't tal fan aardige kustplakjes lizze.

Om-ende-by de helte fan it lânoerflak is begroeid mei bosk. Fan de befolking wennet 50 % yn ien fan de fjouwer provinsjehaadstêden. It oare part fan de befolking wennet yn haadsaak ticht by de kust. It bercheftige binnenlân is tin befolke.

Klimaat

De Ligueryske kust hat in myld seeklimaat. Yn jannewaris wurdt it yn Genua trochstrings sa'n 8° oant 10°C. It friest der selden, útsein it bergeftich gebiet yn it binnenlân. Simmerdeis komt de temperatuer op sa'n 24-25°C út. De reinfal kin somtiden oerfloedich wêze; fanwege de bergen ticht by de kust is der in soad wolkefoarming wêrtroch yn Genua jierliks sa'n 2000 mm rein falt. Lykwols hawwe oare gebieten de gewoane wearden fan it Middellânske Seegebiet (500-800 mm).

Nijsgjirrichheden

Provinsjes en wichtige stêden

Provinsje Ofkoarting Haadstêd Wichtige plakken
Genua GE Genua Siafari, Rapallo, Sestry Levante
Imperia IM Imperia San Remo, Fentimiglia
La Spezia SP La Spezia Sarzana
Savona SV Savona Albenga

Foto's

Regio's fan Itaalje
Abruzzen - Aostadelling - Apûlje - Basilikata - Feneto - Emylje-Romanje - Friûly-Julysk Feneesje - Kalaabrje - Kampaanje - Latium - Liguerje - Lombardije - Marke - Molise - Piëmont - Sardynje - Sisylje - Trentino-Súd-Tiroal - Toskane - Umbrje
· · Berjocht bewurkje